Wêr kinne jo as FNP-lid op rekkenje?

 

 

 

As FNP-lid kinne jo jo persoanlike miening oer politike fraachstikken nei foaren bringe op FNP- ledegearkomsten (likegoed provinsjaal as gemeentlik).
De ledegearkomsten binne it heechste beslút foarmjende orgaan yn de FNP.
Yn dizze gearkomsten wurdt ûnder oaren it FNP-program fêststeld. Yn dat program wurde de politike útgongspunten en doelen fan de FNP fêstlein.


Troch jo stim op ledegearkomsten hearre en jilde te litten,
hawwe jo dus streekrjocht ynfloed op it belied fan de FNP!


Yn de provinsjale ledegearkomsten wurde de leden fan it haadbestjoer (HB) fan de FNP keazen en wurde de persoanen oanwiisd,

dy't de FNP fertsjintwurdigje yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân.

 


As provinsjaal lid krije jo 7 kear jiers it FNP-partijblêd de "Frijbûtser" mei ûnder oaren:

  • It lêste nijs oer de aktiviteiten fan de Steatefraksje
  • Útnoegings foar en ferslaggen fan ledegearkomsten.
  • Nijsgjirrige saken út de FNP-ôfdielings en kommisjes
  • Ferslach fan de wurksum heden fan it haadbestjoer
  • Ynstjoerde stikken ensfh.

Kontribúsje

Ien kear jiers krije jo in akseptgiro fan de ponghâlder mei it fersyk de kontribúsje te beteljen.
De gemeentlike FNP-ôfdielings krije 20% fan jo bydrage. Mei ferkiezings krije jo ornaris nochris in fersyk om in frijwillige bydrage foar it ferkiezingsfûns.
Kontribúsje en oare jeften oan de FNP, kinne jo ôflûke fan jo belêstbere ynkommen.
De minimum kontribúsje is € 27,50 yn 't jier. Foar húsgenoaten (it 2e lid yn ien gesin) en leden jonger as 27 jier jildt in minimumbydrage fan € 16,00 yn 't jier. Dy bedraggen jilde foar 2018. De kontribúsje wurdt jierliks op basis fan de ynflaasje oanpast.
Minsken dy't dy bydrage net misse kinne, kinne fan de ponghâlder tastimming krije om minder te beteljen.
Lid wurde? Opjaan as lid en oanfreegjen mear ynformaasje kin by ús bestjoer. E-post:infofnp-hearrenfean.nl


2023 FNP Fryslân - Disclaimer