Logo FNP

FNP Hearrenfean

Frysk

FNP Hearrenfean

Frysk

Maatwurk foar Hearrenfean

Ferkiezingsprogramma FNP Hearrenfean 2018-2022

 

Foarwurd

It liket nei in pear minne jierren goed te gean mei de gemeente Hearrenfean. Finansjeel binne der de ôfrûne jierren belangrike stappen set, mar op sosjaal mêd en yn de kontakten mei ús ynwenners is der noch hiel wat te ferbetterjen. Wy binne der noch net. Der sil noch in soad enerzjy yn stutsen wurde moatte om dat te ferbetterjen. Neffens de FNP kin dat it bêste mei in kolleezje mei de FNP en in FNP- wethâlder.

 

Foar de FNP jilde dêrby de folgjende útgongspunten:

  • De FNP wol eigen inisjatyf, kreativiteit, ferantwurdlikheid en ûndernimmerssin de romte jaan, sadat minsken en mienskippen by steat binne om har optimaal te ûntwikkeljen.
  • Hearrenfean is as gemeente grut genôch en in gemeente dy't ynspilet op de feroaringen yn de ekonomy en ynheakket op de nije kennisekonomy mei kwalitatyf goeie wurkgelegenheid, sadat der in ein komt oan it ferdwinen fan heechweardich oplaat personiel.
  • Foar de FNP binne regels in middel en gjin doel. As it doel sûnder regels berikt wurde kin, kinne de regels wol skrast wurde.
  • De FNP sil noed stean foar in goed sosjaal-kultureel klimaat, op It Hearrenfean mar ek op 'e doarpen. Dat betsjut ek dat de FNP it in goede gong fan saken fynt dat it haadplak fan de nije gemeente - It Hearrenfean - him goed ûntjout. Mar dat der tagelyk foar soarge wurde moat dat dy ûntjouwing net op kosten giet fan de leefberens op de doarpen, de wiken fan it haadplak en it plattelân.
  • De FNP wol it Frysk net kwyt. De gemeente Hearrenfean is twatalich (mear as de helte fan de ynwenners is Frysktalich) en dêrom is de FNP fan betinken dat it Frysk in folweardich plak hawwe moat njonken it Nederlânsk. Yn it ûnderwiis moat foar beide talen, mar ek foar it Ingelsk, romte wêze. De FNP is dan ek foarstanner fan trijetalich ûnderwiis op de basisskoallen.
  • De FNP hat altiten in mienskipspartij west. Dêrom stribje wy nei mear solidariteit, begryp en respekt tusken de ferskate kultueren, tusken earm en ryk, jong en âld, sûn en siik en nei in situaasje dat nimmen oan de kant komt te stean.
  • De FNP is gjin filiaalpartij fan grutte Nederlânske partijen en hat in dúdlike eigen fyzje oer de takomst fan Fryslân.


 

 

  • Om harren eigenens te bewarjen en te fersterkjen moatte de Friezen in eigen foech hawwe oer alle saken dy't mei dy eigenens te krijen hawwe. De FNP wol dat de polityk út de minsken sels wei komt en ticht by harren bliuwt. De FNP is foar it federalisme, dat it beslissingsfoech delleit by de leechste demokratyske oerheid dy't dat hantearje kin. Dus: de gemeente moat it foech hawwe oer dy saken dy't it sels oankin. Foar de FNP begjint polityk dan ek yn de eigen gemeente. Ticht by hûs, mar al as ferantwurdlik ûnderdiel fan it grutte gehiel. Troch mear direkte demokratyske kontrôle kinne wy útwaaksen bestride dy't troch privatisearring en skaalfergrutting fan publike taken ûntstien binne. It ôfstimmen fan en de regy oer romtlike saken en regionale ekonomy hearre ta in algemien belang dat útstiicht boppe de yndividuele gemeente. Soks heart dan by de provinsje en net by Den Haach.
  • De FNP is fan betinken dat Fryslân binnen it "Koninkrijk der Nederlanden" eigen wetjaand foech krije moat. In eigen foech dat foar de mienskip fan direkt belang is. Bygelyks oer taal, kultuer, ûnderwiis, romtlike oardering, ferkear, lânskip, wetter, soarch, media en miljeubelied.
  • Amtners dy't út namme fan de gemeente en it gemeentebestjoer it wurd fiere, moatte it Frysk aktyf behearskje. De gemeente moat dêrfoar syn meiwurkers yn de gelegenheid stelle om in kursus Frysk by de Afûk te folgjen. It sprekt fansels dat ek op de gemeentlike webside it Frysk in lykweardich plak ynnimt.

 


  

 

Haadstikken

1.         De sân kearnwearden fan de FNP

2.         De gemeente bestjoert

3.         Sosjaal domein

4.         Leefberens yn doarpen en wiken

5.         Meidwaan

6.         Duorsumens en miljeu

7.         De gemeente ûntwikkelet

  

 

 

  

1. De sân kearnwearden fan de FNP

 

1.         Demokrasy: De FNP fynt dat de macht oer de oerheid fan it folk is. Minsken moatte safolle mooglik behelle wurde by it iepenbier bestjoer.

2.         Federalisme: De FNP stiet in steatsynrjochting foar dy't minsken en lokale mienskippen it foech en de middels jout om de eigen libbensromte safolle mooglik sels stal te jaan. De FNP wol mear foech nei de provinsje, in sterker provinsjaal bestjoer en dêrtroch in sterker Fryslân.

3.         Ynternasjonalisme: De FNP siket nei wat minsken bynt en sjocht de wrâld as in federaasje fan mienskippen. Minskerjochten en respekt foar oare kultueren en libbensoertsjûgingen steane dêrby sintraal.

4.         Taal en kultuer: Taal en kultuer drage tige by oan de identiteit en dêrmei oan it wolwêzen fan minsken. De FNP wol de Fryske identiteit fersterkje en stiet dêrom noed foar de Fryske taal en kultuer. De FNP makket him sterk foar in Fryslân, dêr't ek oare talen en kultueren respektearre, praktisearre en wurdearre wurde, lykas it Bildts en it Stellingwarfs.

5.         Undernimmerskip: De FNP wol eigen inisjatyf, kreativiteit, ferantwurdlikheid en ûndernimmerskip de romte jaan, sadat minsken en mienskippen by steat binne om harren optimaal te ûntwikkeljen.

6.         Solidariteit: De FNP is in mienskipspartij. Foar it behâld fan de solidariteit moatte begryp en respekt fan wjerskanten tusken earm en ryk, jong en âld, sûn en siik behâlden en fersterke wurde, sadat nimmen oan de kant komt te stean.

7.         Duorsumens: De FNP wol in duorsume wrâld neilitte oan de kommende generaasjes. Yn stee fan potfertarren siket de FNP nei ekonomyske besteansfoarmen dy't in better lykwicht garandearje tusken konsumearjen en konservearjen.


  

  

2. De gemeente bestjoert

 

Feiligens

Foar alle doarpen en wiken binne wykaginten sichtber, beskikber en berikber. Dat wol sizze dat foar gewoane plysjesaken direkt kontakt mooglik wêze moat mei de wykagint. It te hurd riden yn benammen de wenbuerten moat tsjingien wurde. It bestriden fan glêde diken moat net op besunige wurde. Al ús doarpen en wiken moatte berikber bliuwe by snie en glêde diken. Fierder wol de FNP ferkearsfeiligens befoarderje as it giet om swier lânbou- en frachtferkear.

  

Folkshúsfêsting

Wentebou foar sawol jongerein as âlderein yn de doarpen is tige wichtich foar de leefberens en it iepenhâlden fan skoallen en oare ynstellingen. Dêrom moat it bouwen yn lytse doarpen ek mooglik bliuwe. Dêrby tinke wy sawol oan keap- as hierwenten en apparteminten foar âlderein.

By it ûntwikkeljen fan plannen foar nijbou wol de FNP benammen rekken hâlde mei it ferlet fan ynwenners fan doarpen dy't in ekonomyske en sosjaal-maatskiplike bining hawwe. Op de doarpen, mar ek yn guon stedswiken, moatte folle mear libbensrinbestindige wenten boud wurde, sadat elkenien sa lang mooglik yn it eigen doarp of de eigen wyk wenjen bliuwe kin.

De FNP wol dat de wenningstichtingen weromgeane nei harren sosjale taak: it bouwen en behearen fan sosjale wenten. Dêrta moatte de lokale folksfertsjintwurdigers wer in stim yn de bestjoeren krije. Yn it ramt fan steds- en doarpsfernijing moatte korporaasjes mooglikheden krije om keapwenningen en lytsskalige aktiviteiten te realisearjen.

  

Iepenbier ferfier

It nivo fan it iepenbier ferfier (trein en bus) moat minimaal op it nivo bliuwe sa't it no is. Doarpen en wiken moatte mei de bus berikber bliuwe. It saneamde ‘strekken' fan buslinen past net yn dat belied.


  

  

Finansjeel

It is de taak fan it bestjoer fan in gemeente om te soargjen foar in slutend húshâldboekje mei sûne reserves. De lêsten foar boargers en it midden- en lytsbedriuw moatte safolle mooglik beheind bliuwe. De OZB-belesting en oare gemeentlike heffingen meie de kommende fjouwer jier allinnich mei it ynflaasjepersintaazje ferhege wurde. Alle ynwenners, ek ûndernimmers, moatte de mooglikheid hawwe fan frijskatting fan gemeentlike priveebelestingen.

Hearrenfean moat foarsichtich omgean mei it stypjen fan eveneminten of aktiviteiten fan organisaasjes op allerhande gebiet. De gemeente kin as stimulâns aktiviteiten finansjeel stypje, mar dy subsydzjes meie net struktureel wurde. Besteande strukturele subsydzjes moatte nei elke fjouwer jier evaluearre wurde.

 

Bestjoer

De FNP is net foar gruttere gemeenten en of reorganisaasjes, mar allinnich foar oanpassingen dy't yn it belang binne fan de mienskip. De gemeente moat sels soargje foar in goed apparaat dêr't tsjinstferlieningen praktysk en effisjint mei útfierd wurde kinne.

  

Wurk

De gemeente moat by it útbesteegjen fan wurk safolle mooglik lokale ûndernimmers ynskeakelje. Wannear't offisjele regels dat yn de wei steane, moat socht wurde nei kreative en legale oplossingen om dat foarinoar te krijen.

In goed fêstigingsklimaat foar bedriuwen en middenstân is tige wichtich foar de mienskip. Mei promoasje dêrfan kin in libben plattelân bestean bliuwe.

 

Aksjepunten

  • De FNP wol feilige en goed ferljochte fytsrûtes, yn it bysûnder fan en nei skoallen en sportakkommodaasjes.
  • De FNP wol ûndersykje oft it mooglik is om by de (lytsere) kearnen spesjale parkearplakken te meitsjen foar frachtweinen.
  • De FNP wol de hûnebelesting ôfskaffe.
  • De FNP wol de toeristebelesting ôfskaffe.
  • De FNP wol lykweardich ûnderhâld fan it ‘grien' foar alle doarpen en wiken.
  • De FNP wol belied foar it ferhieren fan keamers yn wenningen yn wenwiken.
  • De FNP wol minder drompels en nij belied op it mêd fan it beheinen fan de snelheid fan it autoferkear.
  • De FNP wol ynsette op it bouwen fan saneamde "lytse húskes".
  • De FNP wol in busrûte troch Skoatterwâld.

 

  • De FNP wol lokale folksfertsjintwurdigers yn de bestjoeren fan de wenkoöperaasjes.
  • De FNP wol dat Hearrenfean mei de lokale lêsten net heger ‘skoart' as fergelykbere gemeenten yn Fryslân.
  • De FNP wol mear oandacht foar besluten en aktiviteiten fan it gemeentebestjoer yn de lokale wykblêden.

 

3. Sosjaal domein

  

Earmoede en skuldhelpferliening

De gemeente Hearrenfean moat him ynspanne om de "skuldhelpferliening" flugger oan te pakken. De kosten foar bewâldfierders binne heech en dat soe oars kinne, wannear't de gemeente earder by de problematyk belutsen wurdt. Minsken dy't problemen hawwe binne no noch net altiten sichtber. Tusken helpfraach en it begjinnen fan de helpferliening sit no tefolle tiid, tiid wêryn't skulden hurd tanimme. De gemeente soe ûndersykje kinne oft it mooglik is dat "bewâldfierders/ skuldhelpferlieners" yn tsjinst fan de gemeente it bewâld alfêst tariede, sadat al it "papierwurk" ree is tsjin de tiid dat de troch de rjochter beneamde "bewâldfierder" it bewâld oernimme kin. It beheinen fan it oprinnen fan skulden en hege kosten binne yn it belang fan elkenien.

 

Wurk- en kliïntepartisipaasje

Elkenien moat op syn of har nivo/tempo wurk dwaan kinne salang't de psychyske en/of fysike beheiningen it talitte. Dat hoecht net fanselssprekkend in betelle baan te wêzen. It giet om meidwaan, dielnimme oan it wurkproses, sosjale kontakten opdwaan en ûnderhâlde.

Dêrneist binne sosjale wurkplakken in goed alternatyf foar minsken dy't in reguliere baan net bolwurkje kinne.

  

Kwaliteit

De soarch dy't oanbean wurdt moat kwalitatyf goed wêze mei in rom oanbod dêr't út keazen wurde kin. It tafersjoch op de kwaliteit fan de saneamde "maatwurkfoarsjenning" kin better. Der binne no in hiel soad "regeltsjes", mar it tafersjoch sjit tekoart.

It ynkeap- en oanbestegingsbelied fan de gemeente Hearrenfean moat profesjoneel wêze en sa formulearre wurde dat ek lytse lokale bedriuwen genôch kânsen krije.

De FNP wol ynsette op lytsskalige soarch, tichte by de minsken dy't soarch nedich hawwe. Dêrby moat der sa min mooglik tiid ferspile wurde oan papierwurk. Mear "hannen oan 't bêd" yn stee fan efter it buro te sitten mei papierwurk.

De FNP wol dat gemeenten inisjativen foar lytsskalige wenfoarms foar benammen âlderen mooglik makket. It moat mooglik wurde om as "pear" tegearre te bliuwen oan de ein ta, mei klustere keap-/hierwenten dêr't tafersjoch oanwêzich is sadat de "kliïnt" net earne oars ûnderbrocht hoecht te wurden wannear't de partner efkes de doar út moat, mar yn syn/har eigen omjouwing bliuwe kin dêr't tafersjoch ynset wurde kin op ôfrop.


  

  

Wmo

It oanfreegjen fan foarsjenningen út de Wmo moat foar elkenien tagonklik en oersichtlik wêze. Minsken dy't net earder te krijen hân hawwe mei it oanfreegjen fan foarsjenningen út de Wmo hawwe dêr no te faak problemen mei.

Meitinkers moatte in HBU diploma sosjale soarch hawwe. Sadwaande kinne se harren deskundichheid, dy't se yn harren eardere wurk opdien hawwe, ynsette om dêr better en mear passende help/soarch yn te skeakeljen.

  

Sosjale wykteams

Wykteams/doarpsteams soene ek echt yn 'e doarpen en wiken oansprekpunt wêze moatte. Wy stribje dernei dat elk doarp/elke wyk in "kantoar" kriget dêr't wykliks in oansprekpunt fan de gemeente sit, sadat elkenien, ek de âldere ynwenners, syn/har fraach stelle kin en syn/har problemen foarlizze kin.

 

Mantelsoarchkomplimint

It hjoeddeistige "mantelsoarchkomplimint" komt net hielendal ta syn rjocht. In bedrach fan € 200,-, frij te besteegjen troch de mantelsoarger, liket ús folle moaier ta. Neffens ús sille dêr dan ek mear minsken gebrûk fan meitsje.

  

Utkearingen

Ynwenners fan Hearrenfean dy't in útkearing ûntfange, moatte stranger kontrolearre wurde mar ek stimulearre wurde om frijwilligerswurk te dwaan, om sadwaande út harren isolemint te kommen. Foar de minsken dy't op grûn fan in fysike/psychyske beheining wier net wurkje kinne is de útkearing in fangnet, net in doel.

It ynkommen fan elkenien moat sa wêze dat "voedselbanken" of "kleanbanken" net nedich binne. Der binne no in tal minsken dy't wol wurkje, mar dan dochs mar krekt boppe/of op it "minimumynkommen" sitte en no net yn 'e beneaming komme foar stipe fan 'e gemeente.

In eksperimint mei in "basisynkommen" yn de gemeente Ljouwert liket de FNP Hearrenfean nijsgjirrich.

Neffens de FNP is it wichtich dat elkenien him-/harsels fan in goed ynkommen foarsjen kin. De gemeente moat him de kommende jierren dan ek noch mear ynspanne om safolle mooglik minsken oan wurk te helpen.

 


  

  

Aksjepunten

  • De FNP wol lytsskalige wenfoarms foar benammen de âlderein.
  • De FNP wol it ‘mantelsoarchkomplimint" werom.
  • De FNP wol better tafersjoch op de kwaliteit fan de saneamde ‘maatwerk' foarsjenning.
  • De FNP wol mear sicht op minsken mei skulden, sadat se op 'e tiid holpen wurde kinne.
  • De FNP wol soarch ticht by hûs.
  • De FNP wol de HZR (Heerenveense Zorg Regeling) ferheegje nei € 200,-.

 

 

4. Leefberens yn doarpen en wiken

  

Folkssûnens

Leefberens en feilichheid yn de doarpen en wiken moatte goed wêze. By leefberens giet it sawol om de sosjale as de fysike leefberens. Ynwenners fan de gemeente Hearrenfean moatte mei in soad nocht yn de doarpen, it bûtengebiet en de wiken wenje kinne. Sosjale problemen yn de buert of wyk moatte leechdrompelich trochjûn en oanpakt wurde kinne. Wy tinke dêrby oan "hangjeugd" en/of rûzjes tusken boargers. Mar de sosjale koheezje moat, dêr't dat nedich is, ek befoardere wurde. Der moat net ien bûten de boat falle. Sinjalen op dat mêd moatte fluch en adekwaat oppakt wurde.

  

Leefberens

De fysike leefberens fan de doarpen en wiken moat garandearre wurde. It ûnderhâld fan de iepenbiere romte (grien, ferhurdingen, ferljochting) moat yn oarder wêze. Ek de oanwêzichheid fan bygelyks hûnebakken draacht by oan de fysike leefberens. Dêrby mei gjin ûnderskied makke wurde tusken de wiken en de doarpen. Foarsjenningen sa as winkels, sportfoarsjennings, boartersplakken en skoallen binne fan grut belang foar de leefberens yn wiken en doarpen. Der moat dan ek alles oan dien wurde om foar te kommen dat sokke foarsjenningen út de doarpen en wiken ferdwine. Meldingen oer problemen yn de iepenbiere romte moatte, as it kin, fluch oplost wurde. Kin dat net, dan moat dêr dúdlik mei de ynwenners oer kommunisearre wurde.

 

Feiligens

De feilichheid en de ferkearsfeilichheid yn doarpen en wiken moatte garandearre wurde. By net-feilige situaasjes moatte bewenners derfan út gean kinne dat der fluch en adekwaat troch de oerheid reagearre wurdt op meldingen. Foar de langere termyn moat der mei bewenners socht wurde nei oplossingen. Struktureel ûnfeilige situaasjes yn it ferkear moatte oanpakt wurde. Neist in bettere hanthavening troch de plysje kin der yn oerlis mei bewenners sjoen wurde nei strukturele oplossingen.

  

De Pleatslike Belangen en Wykrieden

De Pleatslike Belangen en Wykrieden binne op it mêd fan de sosjale en fysike leefberens de earen en eagen fan it doarp of de wyk. Sy binne foar it gemeentebestjoer in serieuze petearpartner. Dêr't dat nedich is, moatte sy (mei ynformaasje) stipe wurde om harren rol goed út te fieren.

 

 

 

Ynternet

Tagong ta ynternet is in basisfoarsjenning. De FNP fynt dat rap ynternet foar alle ynwenners en bedriuwen beskikber wêze moat. It leafst mei glêsfezel. De gemeente fasilitearret dat, sûnder ekstra kosten of lange fergunningstrajekten.

 

Aksjepunten

  • De FNP wol in supermerk yn Skoatterwâld.

 

  • De FNP wol in oplossing foar de parkearproblemen yn Aldeboarn. In rûnwei soe in oplossing wêze kinne foar de ynfrastrukturele problemen.

 

  • De FNP wol dat ynwenners stipe wurde by it opsetten fan sosjale (op de buert taspitste) partisipaasjeprojekten om de sosjale koheezje en de leefberens te fergrutsjen.

 

  • De FNP wol dat ynwenners better bekend reitsje mei saken lykas buertmediation.

 

  • De FNP wol, dêr't it kin, de lytse middenstân yn de doarpen en wiken behâlde en nije inisjativen op dat mêd goed fasilitearje.

 

  • De FNP wol mear hûnebakken.

 

  • De FNP wol hierwenten foar alle doelgroepen op de doarpen behâlde.

 

  • De FNP wol mear en bettere hanthavening fan it ferkear yn 30 en 50 km gebieten.

 

  • De FNP wol yn alle wiken en doarpen in wykplysje dy't bekend is by de bewenners. Dy wykagint moat maklik en leechdrompelich te benaderjen wêze.

 

  • De FNP wol mear finansjele middels om (ferkears)feilichheidsproblemen troch lytse oanpassingen oppakke te kinnen.

 

  • De FNP wol in plan fan oanpak om it brûken fan drugs en alkohol troch jongerein op It Hearrenfean, mar benammen yn de doarpen, foar te kommen.

  

  • De FNP wol aksjes út de mienskip wei op it stik fan it ynstellen fan smookfrije sônes stimulearje.

  

  • De FNP wol mear en better tasicht yn winkels, op strjitte en by skoalle- en tintefeesten foar it gebrûk fan alkohol troch jongerein.


  

5. Meidwaan

 

Sport

Sport hat as frijetiidsbesteging in wichtige rol yn it maatskiplik libben. It Hearrenfean is Sportstêd, mar ek yn de doarpen fertsjinnet sport syn plak en oandacht. Inisjativen fan ûnderen op, út de mienskip wei, moatte stimulearre wurde. Dêrneist is it in taak fan de oerheid om sport foar elkenien tagonklik te meitsjen, foar jong en âld, foar minsken mei in beheining, mar ek foar minsken dy't minder draachkrêft hawwe. Alle sportfasiliteiten moatte tagonklik bliuwe tsjin betelbere tariven foar elkenien, benammen foar bern.

Op frijwillige basis kin it privatisearjen fan de sportakkommodaasjes fuortset wurde. As sport en kulturele saken yn ien romte kombinearre wurde kinne, moat de gemeente dy plannen mei in positive blik besjen en stimulearje.

  

Kultuer

De FNP is fan betinken dat keunst en kultuer in wichtich plak ynnimme yn de algemiene ûntwikkeling en minsken de kâns jouwe om út in sosjaal isolemint te kommen.

De FNP hat der gjin muoite mei dat de gemeente dat finansjeel stipet, mar is fan betinken dat de keunst- en kultuersektor sels ek syn bêst dwaan moat om eigen middels te generearjen en net ôfhinklik wêze moat fan subsydzjes..

De posysje fan de musea en de teäterfoarsjenningen en it oanbod fan kultureel ûnderwiis moatte opinoar ôfstimd wurde. It Posthuis Theater kin dêryn in wichtich plak ynnimme. Mar de mooglikheden foar it privatisearjen fan it Posthuis Theater moatte ek besjoen wurde.

Kultuer lit him foar it grutste part net stjoere troch de oerheid. Wêr't de oerheid wol meistjoert, troch it beskikber stellen fan subsydzjes of fasiliteiten, sil rekken hâlden wurde moatte mei it belang fan de eigen identiteit fan de Fryske mienskip.

De gemeente moat befoarderje dat sawol aktyf of passyf meidien wurde kin oan uteringen fan keunst en kultuer. Dus kultuerfreonlike en leechdrompelige Fryske kultuerfoarmen op it mêd fan muzyk, toaniel, dûns, byldzjende keunst ensfh. moatte stimulearre wurde.


  

  

Fryske taal en kultuer

Taal en kultuer drage tige by oan de identiteit en dêrmei oan it wolwêzen fan minsken. De FNP wol de Fryske identiteit fersterkje en stiet dêrom noed foar de Fryske taal en kultuer. De FNP makket him ek sterk foar in Fryslân dêr't ek it Stedsfrysk, it Biltsk, it Nederlânsk en it Stellingwerfsk respektearre, praktisearre en wurdearre wurde.

De Fryske taal en kultuer binne wichtige dragers fan it kultureel erfgoed en de basis fan bestean. It sprekt himsels dat wy dêr hoeden mei omgean wolle en moatte. Wy hawwe yn Fryslân twa rykstalen, dy't lykweardich brûkt wurde meie. Wy fine dat de gemeente dêr in foarbyldrol yn hat.

De yntegraasje fan allochtoanen, âldere allochtoanen likegoed, moat mear omtinken krije sûnder ferlies fan identiteit. De gemeente moat soargje foar kwalitative en goede kursussen Nederlânsk en Frysk, dy't folslein op 'e situaasje fan de minderheidsgroepen berekkene binne. Nije boargers en bedriuwen fan bûten Fryslân hearre troch de gemeente foarljochte te wurden oer de twatalige situaasje.

Underwiis

Wat it ûnderwiis oanbelanget hat de gemeente allinnich sizzenskip oer de húsfêsting fan de skoallen. De kommende jierren sille der hieltyd minder bern komme. Dat makket dat der sjoen wurde moat nei de takomst fan de húsfêsting fan de skoallen. De FNP wol dat der in goed spriedingsplan komt, sadat alle skoallebern yn de gemeente sels nei skoalle komme kinne (rinnend of op de fyts). Skoallen moatte goed en feilich berikber wêze.

Aksjepunten

  • De FNP wol de organisaasjestruktuer fan it Posthuis Theater op 'e nij besjen.

 Privatisearring is in opsje.

 

  • De FNP wol trijetalich ûnderwiis op alle basisskoallen.

 

  • De FNP wol Afûk-kursussen oanbiede oan alle meiwurkers fan de gemeente.

 

  • De FNP wol ek Afûk-kursussen oanbiede oan alle nije ynwenners.

 

  • De FNP wol in stevige evaluaasje fan it Konvenant Frysk. Wat is der ôfpraat en hoe fiert de gemeente dat út?

 

  • De FNP wol in lykweardich plak foar it Frysk yn it ûnderwiis.

 

  • De FNP wol in goeie sprieding fan skoallen oer de hiele gemeente.

 

  • De FNP wol dat skoallen mear gearwurkje as dat nedich is foar better en berikber ûnderwiis foar no en yn de takomst.

 

  • De FNP wol dat der gemeentlik aksje fierd wurdt om it Frysk op strjitte en op skoallen mear en better te brûken. #praat mar frysk

  

6. Duorsumens en miljeu

 

De gemeente Hearrenfean moat ambysje toane op it gebiet fan in sûn en skjin miljeu. Yn 2040 moat Hearrenfean enerzjyneutraal wêze. Om dat te berikken wurdt der in enerzjykoördinator oansteld dy't ynwenners, enerzjykoöperaasjes, wenningboukorporaasjes en ûndernimmers foarljochtet en stimulearret om dat doel te berikken.

Foar it hiele grûngebiet fan de gemeente wurdt in ferljochtingsplan opsteld. Dêryn past in enerzjysunige iepenbiere ferljochting dy't goed is foar minske en bist. Fansels wurdt der rekken hâlden mei ferkears- en sosjale feiligens. Hearrenfean moat in gemeente wurde mei sa min mooglik ljochtfersmoarging.

Omtoarkjend ôffal is in grutte argewaasje en striemin foar it miljeu. De gemeente beleannet doarpen en stedswiken dêr't de ynwenners harren omjouwing skjinhâlde.

De FNP wol aktyf belied foar it better benutten fan de dakken fan stâlen en loadsen foar sinnepanielen. Dat jildt ek foar de dakken fan bedriuwsgebouwen op yndustryterreinen en foar platte dakken op skoallen en sporthallen. De saldearrings-regelingen moatte sa oanpast wurde dat boargers dy dakken yn stee fan harren eigen dakken brûke kinne..

In syktocht nei geotermy is foar de FNP in goed alternatyf foar wynenerzjy en gaswinning. De FNP sjocht it ‘fan widze nei widze' (cradle to cradle') prinsipe as liedend foar de takomst. Oftanke materialen net as ôffal behannelje, mar brûke as grûnstof foar wat nijs. Dat begjint foar de FNP by it keapgedrach fan konsuminten.

  

Aksjepunten

  • De FNP wol yntinsyf sjen nei de kânsen foar geotermy.
  • De FNP wol gjin grutte wynmûnen yn de gemeente Hearrenfean (ek net as it plan Hiddum Houw net trochgiet).
  • De FNP wol gjin gaswinning yn of ûnder de grûn fan de gemeente Hearrenfean.
  • De FNP wol dat ynwenners gjin jild hoege te beteljen foar it stoarten fan grou ôffal by Omrin.
  • De FNP wol by it (fer)bouwen fan huzen en bedriuwsgebouwen ‘fiergeand enerzjyneutraal' as standerteask meinimme.
  • De FNP wol yn de hiele gemeente oplaadplakken foar elektryske auto's.
  • De FNP wol lokale inisjativen sa as enerzjykoöperaasjes omearmje en fasilitearje mei in subsydzjeregeling.
  • De FNP wol dat de (provinsjale) stimulearringsregeling om asbest op te romjen en te ferfangen troch sinnepanielen ferlinge wurdt en dat de gemeente ûndersiket oft it mooglik is om in oanfoljende subsydzjeregeling op te setten.

 

  

7. De gemeente ûntwikkelet

  

Wurk en ekonomy

Hearrenfean is in wichtige ekonomyske motor yn Fryslân. It tal banen is heech en benammen de hannel en de saaklike tsjinstferliening binne goed fertsjintwurdige. It oantal hurd groeiende bedriuwen is heech, krekt as de groei fan nije bedriuwen.

De wurkleasheidssifers binne leger as yn Nederlân en Fryslân. Wol is de wurkleazens by de jongerein heech. In algemiene trend is troch tal fan faktoaren it ferdwinen fan MBO-banen. It is dêrom wichtich dat dêr in soad oandacht foar is. It giet dan benammen om it oansluten fan it ûnderwiis op de arbeidsmerk. Dêr leit foar de kommende jierren in wichtige útdaging.

De FNP wol eigen inisjatyf, kreativiteit, ferantwurdlikheid en ûndernimmerskip de romte jaan. Hearrenfean moat ynsette op wurk foar elkenien en each hawwe foar besteande en begjinnende bedriuwen út de eigen omkriten.

By it útjaan fan bedriuwsgrûn moat de gemeente kritysk en selektyf wêze nei de gadingmeitsjende bedriuwen ta. Under oaren troch te sjen nei de ferhâlding grûn-wurkgelegenheid en de miljeubelêsting, mar ek troch te sjen oft nije bedriuwichheid de ekonomy yn ús omkriten ferbetterje en fersterkje kin.

Doarpen moatte de romte krije om harren te ûntwikkeljen.

It ynkeap- en oanbestegingsbelied moat sa formulearre wurde dat lokale en regionale bedriuwen genôch kânsen hawwe.

 

Lânbou

De FNP wol nije inisjativen yn de lânbou graach stypje (natuerynklusive lânbou). De nije omjouwingsfisy foar Hearrenfean moat foar lykwicht soargje tusken lânskip en lânbou.

 


  

  

Toerisme en rekreaasje

Rekreaasje en toerisme is in wichtige sektor fan de Fryske ekonomy. De gemeente moat dêrom kwaliteitsferbettering en fasiliteiten foar de lytsskalige ferbliuwsrekreaasje (campers, boerecampings) stimulearje. Wol sil der goed sjoen wurde moatte nei it behâld en de wearde fan it lânskip en de natuer.

Rekreaasjebedriuwen binne ferantwurdlik foar it toeristysk produkt. De FNP stiet iepen foar ferbreding fan dat produkt, lykas "belibjen fan it tsjuster". De gemeente soarget foar (finansjele) stipe yn de marketing fan De Friese Wouden. Wannear't wy sjogge nei de banen yn de sektor rekreaasje en toerisme, dan is der foar Hearrenfean noch in slach te meitsjen. It oantal banen yn dy sektor is relatyf leech.

  

Aksjepunten

  • De FNP wol duorsume en oan 'e grûn bûne lânbou stimulearje.

 

  • De FNP wol boeren de romte jaan om, passend by de omjouwing, yn te spyljen op nije ûntwikkelingen.

 

  • De FNP wol sjen nei de mooglikheden foar in tunnel ûnder it stasjon foar in ferbining fan it sintrum mei de Haskerútgong.

 

  • De FNP wol bettere foarsjenningen foar it parkearjen fan fytsen by it stasjon.

 

  • De FNP wol yn de kommende riedsperioade de fyzje "Jobbegea Sintrum Breed" serieus op de aginda.

 

  • De FNP wol glêsfezel yn sawol de ‘wite' as de ‘grize' gebieten.

 

  • De FNP wol gevelferljochting yn de stegen op It Hearrenfean.

 

  • De FNP wol op 'e nij sjen nei it ôfskaffen fan it betelle parkearjen.

 

  • De FNP wol dat Hearrenfean mei in eigen fyzje komt oer de takomst fan it feangreidegebiet.

 

  • De FNP wol serieus sjen nei lokale inisjativen, lykas it plan "Feannetië", foar it fersterkjen fan de posysje fan it sintrum fan It Hearrenfean.

 

  • De FNP wol dat it belparkearjen mear oandacht kriget.

 

  • De FNP wol stribje nei it yn stân hâlden fan besteande lânskiplike struktueren. Dat is in part fan ús erfgoed.

 

  • De FNP wol gjin hotel by/yn Skoatterwâld.

 

 

  • De FNP wol dat Hearrenfean "Fietsstad 2020" wurdt.


Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)