Logo FNP

FNP Hearrenfean

Frysk

FNP Hearrenfean

Frysk
10-02-2010 - Besunigje
Alle wiken stelt de Hearrenfeanster Krante in fraach oan de politike partijen. Dizze wike moatte de partijen oanjaan wêr wol en wêr net op besunige wurde moat.

01-02-2010 - St Nyk
Kolleezje Hearrenfean wol ek oer St Nyk regere.



20-01-2010 - Fryslân moat Fryslân bliuwe
Fryslân moat Fryslân bliuwe al is op dit momint net eltsenien hjir fan oertsjûge. Bygelyks Rita Verdonk fan de partij TON dy’t yn ‘n petear yn 2008 oanjûn hat dat de provinsjes om har wol ferdwine meie. Dizze bestjoerslaach is neffens har te djoer.

04-01-2010 - Lytse skoallen
De FNP fynt dat lytse skoallen de spil yn in doarp binne.

25-12-2009 - Snie
Dizze wike binne wy hjir yn Fryslân oerfallen troch in echte winter mei grutte bulten snie. Ik fyn soks net sa slim. Wy wurde as minsken sa wer ris in kear te plak set. Wy matte foar ús sels soargje en letterlik en figuerlik ús eigen paadsje skjin hâlde. Natuurlijk jout soks wol in protte oerlêst. Mar ik freegje my ôf at wy hjir as minsken no echt minder fan wurde.

It blykt út reaksjes op it ynternet, mar ek fan inkele politike partijen hjir yn de gemeente, dat sommige minsken hjir wol ris wat muoilik oer dwaan kinne. Der soe te min dien wurde oan de oerlêst wêrby mei in beskuldigjende finger direkt mar wer nei de gemeente wiist wurdt. Ik fyn dat net terjochte wanner ik sjoch wat hjir yn Jobbegea op de Tredde Slûs de lêste dagen allegear foar wurk ferset is. Dêr nim ik myn petsje foar ôf. Net allinnich foar de ynwenners sels dy't al hyl rap op de dyk en de trottoirs oan it wurk wienen mar ek foar de minsken fan Us Belang dy't oeren, ek op snein, foar de gemeente yn it spier wienen mei it opromjen fan de bulten snie. Alle parkeerterreinen mar ek paden en stoepen binne yn in pear dagen sniefrij makke. As ik dan sjoch nei omlizzende plakken yn oare gemeenten dan ha wy hjir yn de gemeente Hearrenfean neat te kleien.

Ate

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)