Logo FNP

FNP Hearrenfean

Frysk

FNP Hearrenfean

Frysk

Koalysje partijen Hearrenfean ha gjin each foar feroaringen yn de maatskippij

De koalysje partijen VVD en PvdA wolle net meiprate oer in nije fisy foar it winkelsintrum fan Hearrenfean. Dit die moandei bliken yn de kommisje ROM wêr’t op fersyk fan de FNP de problematyk rûnom de bou fan nije supermerken op it Molenplein op de agenda stie. De FNP tinkt dat it sjoen de feroaringen yn it gedrach fan de konsumint tiid is foar in oanpassing fan de fisy sa at dy yn 2011 fêststelt is. In fisy dy’t basearre is op in ûndersiik út 2007 nei it gedrach fan konsuminten. Neffens de FNP is dit ûndersiik net mear aktueel en toant de konsumint no in totaal oar gedrach. Ûnder oare troch de opkomst fan de ferkeap op ynternet mar ek wol de konsumint net mear betelje foar it parkearen by oankeapen yn in supermerk. De FNP is fan betinken dat de konsumint twa mominten hat foar har oankeapen. As earste de boadskippen helje foar de deistige hûshâlding. Sismar de gewoane boadskippen. Hjir wol men net folle tiid mei kwyt wêze en it leafst ek sa ticht mooglik by de yngong fan de winkel parkeare ( en dan gratis). In twadde momint is it saneamde “funshoppen”. Ek boadskipje mar mei in hiele oare ynstek. Yn de praktyk blykt dat in soad minsken hjirfoar in oar momint útsykje en dit net tagelyk dogge mei it heljen fan de deistige boadskippen. Foar de FNP fraksje yn de ried reden om op ‘e nei te sjen nei de detailhannelfisy en dan foaral wat de mearwearde is foar de bou fan nije supermerken yn of by it sintrum. Lanlike ûndersyksburo’s jouwe ek al oan dat der te folle winkels yn Nederlân binne en dat der beslist net mear winkelromte by hoecht. Ek yn Hearrenfean steane ferskillende winkels te hier of te keap. De FNP wol dan ek in kompakter sintrum mei gesellige winkels en net in sintrum wêrby de besikers fan de supermerken bepalend binne.

Tekst begeliedende brief fan de FNP fraksje yn de kommisje ROM

Achte leden fan de kommisje ROM, op fersyk fan de FNP bin twa ynkommen stikken oer it bestimmingsplan Heerenveen Molenplein op de agenda fan de kommisje ROM foar moandei 13 jannewaris set.


De FNP is fan betinken dat de problematyk rûnom it Molenplein grutte konsekwinsjes hat foar it sintrum fan Hearrenfean en foar de FNP is de takomst fan it sintrum fan Hearrenfean, neist de problemen mei de finânsjes, it wichtichste item foar de kommende jierren foar de nije gemeente.


We freegje ús ôf hoe de takomst fan it sintrum der út sjocht no de bou fan supermerken en in parkeargaraazje op it Molenplein net troch gean kin. Mar ek freegje we ús ôf hoe we as ried hjir mei fierder wolle en kinne.


We wolle dizze diskusje dan ek breder lûke en ek sjen nei it hiele winkelsintrum, it alternatyf plak foar nije supermerken, mar by namme ek nei de opbringsten út it parkearen ( der komt no al minder jild binnen as begrutte).


Oandachtspunten dy't we yn july foarich jier ek al oandroegen ha by de diskusje oer it bestimmingsplan Molenplein.


"Dit agendapunt is miskien wol fan folle grutter belang as wy ea tocht hienen", wie ien fan de kwotes út ús bydrage fan july.Ek hat de FNP op dat momint al oanjûn dat we by dizze diskusje net allinnich sjen moatte nei it Molenplein mar ek each ha moatte foar de feroaring yn it gedrach fan de konsumint.


No is foar de FNP de fraach: hoe geane we hjir as gemeente mei om en hoe kinne we der as ried foar soargje dat it sintrum fan Hearrenfean oantreklik bliuwt foar de konsumint, mar ek hoe kinne we as ried ynfolling jaan oan de ôfspraak mei De Hoge Dennen foar de bou fan nije supermerken yn it sintrum.


Derfoar wolle we oan de kommisje en de ried dan ek de folgende fraach foar lizze:


Hokker winkelsintrum stiet ús foar eagen. In gesellich winkelsintrum, frij fan allegearre ketens, of in winkelsintrum wêr't de minsken foaral komme om boadskippen te heljen?



Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)