Logo FNP

FNP Hearrenfean

Frysk

FNP Hearrenfean

Frysk
24-02-2014 - Ynformaasjejûn oer gefolgen gaswinning.
De ôfdielingen FNP yn Opsterlân en Hearrenfean organisearje op 5 maart yn it doarpshûs fan Langsweagen in ynformaasjejûn oer de gefolgen fan gaswinning yn de beide gemeenten. De beide ôfdielings dogge dit bewust tegearre. Ferskillende boar lokaasjes steane op it grûngebiet fan de gemeente Opsterlân mar tichtby of op de grins fan Hearrenfean. Ûnder oare yn Langsweagen -De Knipe en Himrik- Hoarnstersweach. Mar ek noardlik fan Oerterp is in boar lokaasje wêr’t plannen foar binne om dizze op ‘e nij op te starten. Foar de ynformaasjejûn binne fertsjintwurdigers fan Vermilion en Tulip Oil, bedriuwen dy’t yn de regio aktyf binne útnoege. Ek is der op dizze jûn in ûnôfhinklike deskundige op it mêd fan gaswinning oanwêzich.

De diskussie oer de gefolgen fan gaswinning is op dit stuit, sjoen de ûnrêst yn Noard East Grins, wêr’t fannacht ek wer in beving wie, aktueel. “Foar ús in reden om ek de ynwenners fan ús gemeenten te ynformearjen oer de eventuele gefolgen fan gaswinning yn de direkte omjouwing”, seit Ultsje Hosper foarsitter fan de provinsjale FNP mar ek fan de ôfdieling Opsterlân. Der is neffens Ate Eijer, fraksjefoarsitter fan de FNP yn Hearrenfean ek behoefte oan mear ynformaasje oer eventuele gefolgen fan de gaswinning. “Der wurde no bygelyks yn De Knipe allegearre ferhalen fertelt oer de gefolgen fan de gaswinning yn Langsweagen. De boartoer stiet dan wol yn Langsweagen mar de gasbel leit ûnder de Knipe. Mar wêr dizze bel no krekt sit is foar in soad minsken net dúdlik. We fine dat minsken hjiroer ynformearre wurde moatten mar ek de kâns krije moatte om har soargen te uterjen.”

24-02-2014 - Ynformaasjejûn oer feiligens 60 km dyken.
Krantenartikel uit de Oosthoek van 26 februari
www.deoosthoek.com

Facebook actie voor veiliger Singel

PB Jubbega en FNP organiseren discussieavond.

Jubbega- Sinds enkele weken is er door rijschoolhoudster Anja de Roos op Facebook een actie voor meer veiligheid op 60 km wegen in het algemeen en de Singel, de weg van Jubbega naar Gorredijk, in het bijzonder. Op deze smalle kronkelige weg zijn sinds december vorig jaar in enkele weken tijd diverse auto’s van de weg geraakt. De meeste ongevallen alleen met materiële schade maar in sommige gevallen moesten de bestuurders van de auto’s naar het ziekenhuis worden gebracht. Volgens de rijschoolhoudster is het hoog tijd dat er maatregelen op deze wegen worden genomen om erger te voorkomen.

Het is gezien de vele reacties op de Facebook pagina “Basta, genoeg ongevallen op de Singel, we willen veiligheid” hoog tijd voor een grote onderhoudsbeurt van de Singel. Er wordt gewezen op de gaten in de weg, de slechte bermen en vooral op de richels die er zijn ontstaan door het verschuiven van de zogenaamde graskeien die naast het asfalt zijn gelegd. Maar ook wordt er op gewezen dat er veel te hard word gereden en het vrachtverkeer dat, ondanks een verbod, volop gebruik maakt van deze smalle weg.
Middels de facebookpagina worden er nu handtekeningen verzameld die door Anja binnenkort aan de gemeentebesturen van Opsterland en Heerenveen zullen worden overhandigd. Dat er wat moet gebeuren is duidelijk. De gemeente Heerenveen heeft inmiddels zelfs al op enkele plekken waarschuwingsborden geplaatst.
Hoe de singel precies ingericht kan worden en wat er gedaan moet worden om de veiligheid te verhogen zijn de meningen verdeelt. Er worden allerlei opties genoemd die veel van elkaar verschillen. Sommigen willen de weg verbreden anderen pleiten er voor om de weg verkeersluwer te maken of zelfs af te sluiten voor doorgaand autoverkeer. Voor de FNP en Plaatselijk Belang Jubbega Hoornsterzwaag (PB) reden om op 3 maart a.s. een discussieavond te houden over wat de mogelijkheden zijn om de situatie te verbeteren. “Dizze jûn is net bedoelt om krityk te hawwen mar we wolle op dizze jûn sjen nei de mooglikheden en kânsen dy’t der binne om de feiligheid op dizze dyk, mar ek op oare 60 km wegen te ferbetterjen”, aldus Ate Eijer van de FNP die inmiddels vragen over het onderhoud van de Singel aan het college van B en W heeft gesteld.
Voor deze avond, die in gezamenlijkheid door PB en de FNP, wordt georganiseerd is iedereen welkom maar in ieder geval worden de ondertekenaars van de facebookpagina maar ook beleidsmedewerkers van de gemeente Heerenveen uitgenodigd. De aanvang van deze informatieavond in de Kompanije is 20.30 uur.





21-02-2014 - FNP febrjusteren oer nije komboerden Aldeboarn.
De FNP yn de gemeenteried fan Hearrenfean, mar ek de ynwenners fan Aldeboarn en it bestjoer fan pleatselik belang binne fernuvere oer de nije komboarden fan it doarp.
De nije gemeente dy’t ûntstean is nei de fúzje fan it súdlike part fan Boarnsterhim mei Hearrenfean, in gemeente wêr’t de ried oer de offisjele namme noch in beslút nimme moat, hat de âlde komboarden ferfongen. Op de nije boarden stiet neist de offisjele namme no ek in Hollânske fertaling. Dit is in soart ynwenners fan Aldeboarn yn it ferkearde kielsgat sketten.
Ek de FNP is ferbjustere en ek lilk dat soks bart. Om twa redenen. As earste moat de ried noch te set oer de namme fan sawol de gemeente as de offisjele nammen fan doarpen mar ek is de namme Aldeboarn al sûnt 1989 de offisjele namme fan it doarp. Mar ek is de FNP min te sprekken oer dizze wurkwize. Yn it foarste plak omdat de ried hjir oer net ynformearre is mar noch slimmer is dat ek it doarp net ynformearre is.


Hjiroer ha we in ûndersteande fragen oan it kolleezje stelt.

• Wa hat it beslút naam om de komboerden fan Aldeboarn oan te passen?
• Werom is hjiroer gjin kontakt west mei pleatselik belang fan Aldeboarn?
• Wa hat it beslút naam om op de boerden in Hollânske fertaling fan Aldeboarn ta te heakjen?
• Wat binne de kosten fan dizze nije boerden?
• Wanner kin de gemeenteried te set oer de namme fan de nije gemeente?
• Wanner wurde de boerden wer ferfongen mei de offisjele namme Aldeboarn?

08-02-2014 - Soargen oer feiligheid Singel Jobbegea
Parseberjocht

De FNP yn de gemeenteried fan Hearrenfean makket har soargen oer it grutte oantal ûngelokken dat it lêste jier plak fûn hat op de Singel. De dyk op de grins fan Jobbegea en Lippenhuzen.
De Singel is in dyk dyt in soar brûkt wurdt troch slûpferkear fan Jobbegea nei De Gordyk. De dyk is dêr net op berekkene. Hy is smel, nedich oan ûnderhâld ta, mar ek wurdt der troch ferskate automobilisten fiersten te hurd riden. Der sitte in soad bochten yn de dyk wêrtroch ek net altiten goed te sjen is wat foar ferkear fan de oare kant komt. Minsken skrikke dan fan tsjinferkear, fytsers of kuierders en reitsje yn de barm. Ek dizze barmen lizze der net goed by.

Op freed 7 febrewaris wienen der sels twa ûngelokken. Beide kearen rekken de bestjoerders troch in skrikreaksje yn de barm en ien kear rekke in auto sels op de kop yn de sleat. Gelokkich koe de bestjoerder der sûnder ûngemakken út komme. Mar hearder binne de wol ûngefallen west wêrnei minsken nei it sikehûs brocht binne.
De FNP hat skriftelike fragen oan it kolleezje stelt en wol fan it kolleezje witte wat der op koarte termyn dien wurde kinne om mear ûngelokken foar te kommen.

8-2-2014

14-01-2014 - Koalysje partijen Hearrenfean ha gjin each foar feroaringen yn de maatskippij
De koalysje partijen VVD en PvdA wolle net meiprate oer in nije fisy foar it winkelsintrum fan Hearrenfean. Dit die moandei bliken yn de kommisje ROM wêr’t op fersyk fan de FNP de problematyk rûnom de bou fan nije supermerken op it Molenplein op de agenda stie. De FNP tinkt dat it sjoen de feroaringen yn it gedrach fan de konsumint tiid is foar in oanpassing fan de fisy sa at dy yn 2011 fêststelt is. In fisy dy’t basearre is op in ûndersiik út 2007 nei it gedrach fan konsuminten. Neffens de FNP is dit ûndersiik net mear aktueel en toant de konsumint no in totaal oar gedrach. Ûnder oare troch de opkomst fan de ferkeap op ynternet mar ek wol de konsumint net mear betelje foar it parkearen by oankeapen yn in supermerk. De FNP is fan betinken dat de konsumint twa mominten hat foar har oankeapen. As earste de boadskippen helje foar de deistige hûshâlding. Sismar de gewoane boadskippen. Hjir wol men net folle tiid mei kwyt wêze en it leafst ek sa ticht mooglik by de yngong fan de winkel parkeare ( en dan gratis). In twadde momint is it saneamde “funshoppen”. Ek boadskipje mar mei in hiele oare ynstek. Yn de praktyk blykt dat in soad minsken hjirfoar in oar momint útsykje en dit net tagelyk dogge mei it heljen fan de deistige boadskippen. Foar de FNP fraksje yn de ried reden om op ‘e nei te sjen nei de detailhannelfisy en dan foaral wat de mearwearde is foar de bou fan nije supermerken yn of by it sintrum. Lanlike ûndersyksburo’s jouwe ek al oan dat der te folle winkels yn Nederlân binne en dat der beslist net mear winkelromte by hoecht. Ek yn Hearrenfean steane ferskillende winkels te hier of te keap. De FNP wol dan ek in kompakter sintrum mei gesellige winkels en net in sintrum wêrby de besikers fan de supermerken bepalend binne.

Tekst begeliedende brief fan de FNP fraksje yn de kommisje ROM

14-10-2013 - Politike partijen binne de wichtichste skeakel tusken de boarger en de oerheid.

10-10-2013 - It moat oars!

10-08-2013 - Haachske partijen ha gjin ear foar miening ynwenners eigen gemeente
- PARSEBERJOCHT –
-
De FNP yn Hearrenfean is tige teloarstelt yn de gemeenteried fan Hearrenfean. De mearderheid fan de ried hat yn juny tsjin it foarstel fan de FNP stimt om ynwenners mei prate te litten oer de namme fan de nije gemeente dy’t op 1 jannewaris 2014 ûntstiet troch de fúzje fan Hearrenfean mei it súdlike part fan de gemeente Boarnsterhim. De gemeenteried dy’t op 13 novimber keazen wurdt hat it foech om takommend jier in beslút te nimmen oer in oantal saken sa as it beneamen fan de boargemaster mar ek oer de namme fan de nije gemeente.

De FNP is fan betinken dat de ynwenners fan sawol de âlde gemeente Hearrenfean, mar ek de ynwenners fan Haskerdiken, Nijbrêge, Akkrum, Nes en Aldeboarn hjir by belutsen wurde moatte. Neffens fraksjefoarsitter Ate Eijer hie dit moai kind troch it hâlden fan in peiling tagelyk mei de ferkiezingen op 13 novimber. “At it dan bliken docht dat in grut part fan de kiezers gjin problemen hat mei de namme Hearrenfean soe it foar eltsenien dúdlike wêze moatte dat dit ek de kar fan de nije ried wêze moat. No moat de nije ried in beslút nimme dy’t basearre is op in gefoel mar dy’t net ûnderboud is. Derom fine we dit in miste kâns. At de mooglikheid der is moatte we ús ynwenners de gelegenheid jaan om mei te praten en har lûd hearre te litten, mar it docht bliken dat de foaral de grutte lanlike partijen hjir gjin ferlet fan ha”.


-

05-07-2013 - FNP Hearrenfean set fraachtekens by takomst winkelsintra.
De gemeenteried fan Hearrenfean hat yn grutte mearderheid ynstimt mei it trochgean fan de plannen foar de bou fan supermerken op it Molenplein yn Hearrenfean. Ek de FNP hat ynstimt mar set wol fraachtekens by de takomst fan it winkelsintrum fan Hearrenfean .

Lês fierder it betooch Ate Eijer fan de riedsgearkomst op 4 july.

Dit agendapunt is miskien wol fan folle grutter belang as wy ea tocht hienen. Neffens my giet it net allinnich oer de finansjele posysje fan Hearrenfean mar giet it oer de takomst fan it winkeljen en de winkelsintra yn Nederlân. Ik wol it dan ek oer trije dingen ha.

1 de Winkelsintra yn it ferline en no

2 de Winkelsintra yn de takomst

3 it Parkearen

Jierren 70 groei oantal meters. Skaalfergrutting Hege hieren foar de projekt ûntwikkelers en top omsetten yn de winkels.

Mar ek mei it gefolch dat de winkels yn in soart doarpen slúte moasten.

Der waarden sintra ûntwikkele mei de formule fan publykstrekkers op alle hoeken en dêr tusken yn allegearre winkels. Net winkels fan yndividuele winkelju mar franchising fan ketens. Mei namme foar gruttere sintra wie it ek wichtich dat der genôch parkear romte wêze moast. De trekkers soargen foar de minsken en it sintrum moast him oanpasse en dêr op yn spylje.

Dat wie it ideale plaatsje. Ek foar Hearrenfean allinnich is dat nea berikt. Hearrenfean is no in sintrum sûnder in echte trekker en is in ienheidswoarst dy’t fergelykber is mei de winkelsintra yn hast alle stêden en grutte doarpen yn Nederlân.

Miskien ha de ambysjes wol te grut west mar ek is boppesteand byld fan in winkelsintrum neffens my efterhelle.

In grut part fan de konsuminten kinne hjoed de dei twa soarten fan winkeljen.

Boadskippen helje, de auto fol lade en wêr nei hûs of shoppe.

Mar se dogge dit net tagelyk alhoewol it wol deselde minsken binne. Ek moatte we ús eagen net slúte moatte foar de ûntwikkelingen. Ynternet mar ek minder fraach by de minsken dy’t selektiver boadskipje.

Foar gemeenten moat dit in reden wêze om op ‘e nei te sjen nei de opbou fan, mar foaral nei de grutte fan it winkelsintrum.

Hokker winkelsintrum stiet ús foar eagen. In gesellich winkelsintrum, frij fan allegearre ketens, of in winkelsintrum wêr’t de minsken foaral komme om de boadskippen te heljen.

Dizze lêste konsumint siket nei winkels wêr’t se maklik komme kinne. Sjoch mar nei de Aldi yn Hearrenfean mar ek nei de Lidl op de Akkers of Brouwer yn Nijhoarne of yn de takomst miskien wol nei de megawinkel by Stienwyk.

Foar gemeenten reden om de fisy’s by te stellen. Dat jild ek foar Hearrenfean. Hoe grut moat it sintrum wurde om it gesellich te hâlden en is it dan ek wichtich dat der in grutte trekker wêze moat.

Winkelsintra yn de takomst

Ik ha my hjir de lêste dagen bot yn ferdjippe Ik sjoch dan ek kânsen foar it sintrum fan Hearrenfean.

Dit betsjut dat der in nije fisy ûntwikkele wurde moat mei as ynstek in gesellich winkelsintrum mei mear lytsere winkels. Sa ik al sei binne der twa soarten fan konsuminten. De boadskippers en de shoppers.

Foaral dizze lêste kategory jout kânsen foar de ûntwikkeling fan it sintrum fan Hearrenfean. Stek hjir dan ek de enerzjy yn. Rjochtsje it sintrum sa yn dat de shoppers Hearrenfean ûnderfine as in gesellich en foaral nijsgjirrich winkelsintrum wêr’t jo maklik komme kinne en wêr’t ek parkeart wurd kinne. Sjoch by it opstellen fan de nije fisy foaral ek nei it sukses fan yndividuele winkellju yn doarpen en of op it plattelân en wol sukses ha. Bygelyks topwinkels Van der Belt yn De Wijk, Rinsma op ‘e Gordyk of de Caroline Hoeve yn Beatstersweach. Ik wit dat soks net samar realisearre wurde kin mar ik tink wol dat we as gemeente de eagen hjir iepen foar ha moatte en de detailhannelfisy tsjin it ljocht hâlde moatte.

In supermerk hoecht foar neffens ús dan ek net mear yn it sintrum mar kin folle better oan ynfalswegen. Ik tink ek dat de konsumint dit wurdearret en ik tink ek dat in ûntwikkeler en de eigner fan in supermerk hjir in protte mooglikheden sjocht. Mei oare wurden. De lokaasje by Sportsted is net in needoplossing mar is miskien wol DE oplossing foar Hearrenfean. De grûn kin foar in goeie priis ferkocht wurde. Dy hat foar in supermerk ek mear wearde as de lokaasje yn it sintrum. E sil der by dizze opsje goed sjoen wurde nei de oplossing fan it parkearen by in supermerk by Sportstad.

Hjir moat by de eventuele ûnderhannelingen mei De Hoge Dennen goed om tocht wurde.

Sportstad is namlik foar supermerken in A lokaasje.

De wethâlder hat yn de kommisje oanjûn dat dizze ûntwikkelingen wol tiid kostje. Mar ik wol it kolleezje op it hert drukke om, at der foar dit senario keazen wurdt, se alle war dwaan moat om der foar te soargjen dat dit trajekt sa min mooglik tiid kostjen giet. Dit koe ek by de komst fan de tsiisfabriken. Set de druk der mar op en soargje derfoar dat der takommend jier al boud wurde kin.

Parkearen

In oar probleem wat dan opkomt is it parkear jild. Hoe we it ek dogge we moatte ús realisearje dat der yn de takomst minder minsken nei it sintrum komme sille en dat der ek minder parkear jild binnen komme sil. Ek hjir sil yn de begrutting fan de kommende jierren bot rekken mei holden wurde moatte.

Mar at we wol foar dizze opsje geane hoe geane we dan om mei de ôfspraken mei de Hearrenfeanse ûndernimmers en hoe betrouber is dan de oerheid. Foar ús ek in wichtich punt.

Sa as jim út boppesteand ferhaal sjogge sitte we hjir dûbel yn. We wolle dan ek noch altiten hiel ein mei gean mei it sykjen foar in oplossing foar it Molenplein mar net tsjin elke priis. Foaral net omdat der neffens ús ek oare kânsen binne.

oant safier allinnich woe ik noch wol krekt witte hokker lokaasje it kolleezje no krekt foar eagen hat foar de supermerken by Sportstad.















13-06-2013 - Doarpen meie net de dupe wurde fan besunigingen Hearrenfean
De FNP fraksje yn de gemeenteried fan Hearrenfean is min te sprekken oer it kolleezje fan B en W fan PvdA, VVD en GBH. It kolleezje komt ôfspraken dy’t se mei de doarpen makke hat net nei en lûkt eardere tasizzingen wer yn. It kolleezje hat dit beslút naam omdat Hearrenfean it finansjeel tige swier hat en alle reserves en potsjes brûke wol om de tekoarten dy’t der ûntstien binne troch de grutte plannen út it ferline te ferlytsjen.
It giet ûnder oaren om jild dat ynset wurde soe foar de útwurking fan de doarpsfisy’s. At de plannen fan it kolleezje troch gean moat der in streep troch ferskate plannen wêr’t de doarpen al jierren mei dwaande binne. Ûnder oare it pontsje by de Deelen, de kuiersnetwurken fan Landschapsbeheer yn de easthoeke fan de gemeente, it pleatsen fan buorden yn De Frije Wiken en het projekt “landschap rond dorpen”. De FNP is der ek fan oertsjoege dat, no de gemeente ûnder tasicht fan de provinsje kaam is, der stevige maatregels naam wurde moatte. Mar de FNP fynt ek dat de doarpen net opdraaie meie foar de problemen dy’t ûntstean binne troch de grutskalige ynvestearingen rûnom it plak Hearrenfean. Hearrenfean sit yn swier waar omdat der yn it ferline te folle grûn kocht is dy’t no ôfwurdearre wurde moat wêrtroch de gemeente oer 2012 op in negative reserve fan 28,8 miljoen euro útkomt.

28-03-2013 - Keapsneinen
De gemeenteried hat moandei ynstimt mei it foarstel fan it kolleezje om twa supermerken yn de gemeente Hearrenfean fergunning te jaan om op snein iepen te wêzen. De FNP fraksje hat mei it foarstel ynstimt mar hie wol krityk. De twa supermerken binne nei lotting oanwiist. De FNP is fan miening dat soks einliks net earlik is.
Allegear iepen of net ien iepen. Mar it die bliken dat oare winkeliers gjin beswier hienen tsjin dizze wurkwize. Foar de FNP fraksje in belangrike reden om yn te stimmen mei it foarstel. “We moatte net betuttelje at de detailhannel hjir it sels oer iens is”, fine Hooijsma en Eijer. De FNP hie ek graach sjoen dat foar de reguliere 12 keapsneinen de winkeliers sels bepale kinne wanner se gebrûk meitsje wolle fan de regeling en hienen hjirfoar in amendemint makke mei de folgende ûnderbouwing fan fraksjefoarsitter Ate Eijer. Sels jierren winkelier yn Jobbegea en as erfaringsdeskundige besjoen wurdt.

“Eltse winkelier mei no 12 kear yn it jier op snein iepen. Wolle se in snein iepen dan moatte se dat oanfreegje en wurdt der foarút yn oerlis mei it kolleezje dagen fêstlein. Mar winkeliers binne faaks ympulsyf en wolle reagearre kinne om waarsynfloeden of aksjes fan konkurrinten. Neffens ús soe it handiger wêze at we dizze regeljouwing los litte en eltse winkelier de romte jaan om, ek op it lêste momint, in snein iepen te gean. Bygelyks in túnsintrum, sportsaak mar ik in kleanwinkel. Lit dit oan de winkeliers sels oer. Dit soe dan kinne mei in melding en omdat se al tastimming ha om 12 sneinen iepen te gean hoech se gjin fergunning mear oan te freegjen”.

It amendemint is úteinlik net yntsjinne omdat dit fertragend wurkje soe foar de ynfiering fan de keapsneinen foar de beide supermerken. It amendemint is oanholden en sil letter dit jier by in nije diskusje oer de iepeningstiden fan winkels wol yntsjinne wurde.

28-03-2013 - lytse skoallen
De FNP hat moandei 25 maart yn gearwurking mei de CU, CDA en GBH in moasje yntsjinne wêryn it kolleezje de opdracht krige om in brief te stjoeren nei de Twadde Keamer mei in oprop om net mei te gean mei yn it advys fan de underwiisried oer it oantal learlingen op skoallen fan it basisûnderwiis. De FNP fraksje fan Hearrenfean is einliks gjin foarstanner fan sokke moasjes. De gemeente giet oer de gemeentepolityk en net oer de lanlike polityk. Mar oer dizze moasje hat de fraksje in útsûndering makke.

“ Want it giet foar ús net allinnich om de lytste skoallen mar it is in sinjaal rjochting de regearing en de twadde keamer. In sinjaal dat beslissingen dy’t foar it hiele lân naam wurde foar bepaalde regio’s fiergeande gefolgen ha. Bygelyks it wen akkoard mar ek de desintralisaasje en de fisy fan De Haach op de húsfesting fan it ûnderwiis. As ried ha we oer dit lêste foarich jier al in goed beslút naam. Dus wer bemoeit De Haach him mei. Ik fyn dat dit soarte fan saken ek hiel goed regionaal en op skaal en nei aard fan de regio regele wurde kinne”, aldus Ate Eijer dyt sels noch wol in skerpere brief opstelle wolt hie. “Wy stypje dizze moasje dan ek, mar hy hie neffens ús noch wol skerper mocht. En der hie wol yn stean kind dat we yn Fryslân sokke saken sels wol regelje kinne”.

lês fierder foar de tekst fan de moasje

17-02-2013 - In miste kâns
Foarrige wike freed krigen de trije rieden fan de fúzjegemeenten Ljouwert, Boarnsterhim en Hearrenfean by in harksitting fan de fêste kommisje fan Ynlânske Saken op De Jouwer de mooglikheid om har lûd hearre te litten oer it opheffen fan de gemeente Boarnsterhim en de weryndieling yn Fryslân. Dit wie neffens de FNP fraksje fan de gemeente Hearrenfean ek de kâns om de kommisje hearre te litten dat we yn Fryslân neat ha moatte fan de plannen fan Minister Plasterk foar in noardlik lânsdiel en it opheffen fan de provinsje Fryslân.
Hawar de fraksjefoarsitters fan de acht oare partijen yn de gemeenteried fan Hearrenfean woenen hjir neat fan witte. Se wienen it wol iens mei de ynbring sa at dy troch Jan Hemminga fan GB 2000 Boarnsterhim op papier set, en ek útsprutsen is. In, neffens de FNP Hearrenfean, neat sizzend stik. De ynbring fan Hemminga wie in praatsje foar de ‘buhne’ en hie einliks neat om hakken. Hemminga hie it yn syn petear allinnich mar oer it proses mar net oar de oarsaak. Mei it proses wie ek neat mis, mar de FNP op it Hearrenfean hie graach sjoen dat Hemminga ek yngien wie op de needsaak fan it opheffen fan Boarnsterhim en foaral ek oer de rop om skaalfergrutting en de rol fan Den Haach dy’t Fryslân mear en mear ta dizze skaalfergrutting twingt. Gemeentelik mar ek provinsjaal. Nijsgjirrige fraach is dan ek hoefolle romte en spanning der sit tusken it nije twingende belied fan it ryk, de efterhelle provinsjale fysje en de prosessen fan ûnderen op yn de gemeenten. Hjir hienen de leden fan de kommisje op reagearre kind. Mar de fraksjefoarsitters fan de ried fan Hearrenfean woenen de tekst net oanpasse en koenen har wol fine yn de fage tekst fan Hemminga. In miste kâns. De diskusje oer de provinsje paste miskien wol net by de harksitting mar it wie foar Fryslân wol in kâns om har lûd hearre te litten. Oant no ta binne de Friezen, bygelyks oer it ferdwinen fan allegearre rykstsjinsten, fiersten te stil west. Mar se komme no oan ús provinsje en we sille de barrikaden op moatte en elke gelegenheid oangripe moatte om hearre te litten dat Fryslân Fryslân bliuwe moat en dat we as ynwenners fan Fryslân mear sizzenskip krije moatte oer it bestjoeren fan ús eigen provinsje.

Ate Eijer
Fraksjefoarsitter FNP Hearrenfean

Lês fierder foar de tekst fan Hemminga.

16-02-2012 - Kommunikaasje nij Thialf
De FNP fraksje yn de gemeenteried fan Hearrenfean is min te sprekken oer de oankundiging foar it petear fan 20 febrewaris oer de lokaasje foar in nij Thialf. Neffens de FNP hie der in folle bettere oankundiging yn de Hearrenfeanster krante stean moatten en ek hienen omwennenden, bygelyks, de bewenners fan La Ronduite, persoanlik útnoege wurde moatten. It docht bliken dat der hjoed noch al in mail stjoert is nei de feriening fan eigners fan La Ronduite mar neffens de FNP hie dit folle earder moatten en hie de kommunikaasje ek folle yntinsiver oppakt wurde moatten.
We ha hjiroer de folgende fragen oan it kolleezje stelt:
Is it kolleezje tefreden oer de wize wêrop de befolking ynformearre is oer it petear fan 20 febrewaris oer de plannen foar in nij Thialf.
Docht dit petear rjocht oan de oanbefellingen nei oanlieding fan it ferslach fan it maatskiplik fan maart 2010. Sjoch hjirûnder.


• Organiseer aansluitend op dit maatschappelijk debat een verdiepingsslag, waarbij in ieder geval over de volgende onderwerpen meer duidelijkheid geboden kan worden:

- financiering/exploitatie,

- synergie,

- bereikbaarheid,

- parkeerproblematiek.

• Betrek de diverse doelgroepen (bewoners, recreanten, omwonenden, ondernemers, stakeholders) actief bij dit verdiepingsproces.

• Uit het maatschappelijk debat is gebleken dat er onvrede is bij de omwonenden rond Sportstad. Ga actief in gesprek met deze omwonenden om de huidige problemen te bespreken. Dit is naar onze mening en een voorwaarde voor het vervolgproces rond een nieuw Thialf.

• Houd de communicatiekanalen open en blijf geïnteresseerden transparant informeren over de voortgang.





Ate Eijer faksjefoarsitter FNP Hearrenfean



10-10-2011 - Soargen oer it Frysk yn nije fúzjegemeente Boarnsterhim
De FNP fraksje yn de gemeente Hearrenfean makket har soargen oer it gebrûk fan it Frysk nei it opsplitsen fan de gemeente Boarnsterhim.
Neffens it Europeesk Hânfêst foar regionale talen en talen fan minderheden is fêst lein dat de ynwenners fan in bepaalde gemeente der yn it gefal fan in gemeentlike fúzje yn taalrjochten net op efterút gean meie. Dat betsjut dat it taalbelied fan de gemeenten dêr’t Boarnsterhim yn opgiet itselde nivo kriget as dat fan Boarnsterhim. Mar yn it weryndielingsûntwerp fan de fiif gemeenten dy’t belutsen binne by de takomst en it opsplitsen fan Boarnsterhim is dit net goed werom te finen yn it weryndielingsûntwerp.

Neffens de FNP fan Hearrenfean heart yn it definitive ûntwerp de folgend tekst te stean.

“De Fryske taal, as drager fan de Fryske kultuer, stiet heech yn it findel. Fan it begjin ôf is in aktyf belied fierd om de Fryske kultuer en de taal aktyf te fersterkjen”.

De FNP hat hjiroer de folgende fragen oant it kolleezje stelt.

• Is it kolleezje fan miening dat yn it weryndielingsûntwerp oer it opsplitsen fan Boarnsterhim mear oandacht oan de Fryske taal jûn wurde moat?
• Kin it kolleezje har fine om de folgende sinnen ta te heakjen oan it weryndielingsûntwerp:
“De Fryske taal, as drager fan de Fryske kultuer, stiet heech yn it findel. Fan it begjin ôf is in aktyf belied fierd om de Fryske kultuer en de taal aktyf te fersterkjen”.
• Sa ja, hokker stappen sil it kolleezje sette om dizze sinnen oant it definitive weryndielingsûntwerp ta te heakjen?
• Sa nee, hoe wol it kolleezje dan rjocht dwaan oan it Hânfêst foar regionale talen en talen fan minderheden?

Argyf
Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)