NIJS   22-04-2022


Haachske partijen bepale koers gemeente Hearrenfean

Ut it ferslach fan ynformateur Ard van der Tuuk mei syn advys oer in nij kolleezje foar de gemeente Hearrenfean wurdt dúdlik dat alle partijen yn de petearen mei Van der Tuuk stelt ha dat de lege opkomst by de ferkiezingen soarchlik is. Der sil de kommende jierren oan wurke wurde moatte om it draachflak en de legitimaasje fan de demokrasy te fersterkjen, sa stelt Van der Tuuk. Mar de wurden binne noch net iens útsprutsen of de gemeenteried fan Hearrenfean lit de earste kâns om it draachflak te fergrutsjen al lizze. Mei de útslach fan de ferkiezingen wie it dúdlik dat de kiezers it belied fan it sittende kolleezje ôfkart ha. Troch it ferlies fan it CDA en de VVD, tegearre 1700 stimmen minder by in legere opkomst, wie der gjin mearderheid mear foar it sittende kolleezje. Dus tiid foar in nij lûd. Mar de partijen yn it âlde kolleezje kinne inoar net los litte. Se wolle, no mei stipe fan GrienLinks, fierder en geane hjirmei foarby oan de winsk fan de kiezer foar in oare koers. In miste kâns. En sels net ien miste kâns sels twa. Rûnom yn Fryslân wurdt keazen foar in deistich bestjoer yn de gemeenten mei yn elts gefal ien lokale partij. Yn Hearrenfean ha hja hjir gjin boadskip oan. Fjouwer Haachske partijen ha inoar fûn en sille de kommende fjouwer jier de koers fan de gemeente Hearrenfean foar in grut part bepale. Mar de FNP sil wêr it kin har hearre litte en har ynspanne om safolle as mooglik har programma in plak yn it belied te jaan.

undefined

Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2022 FNP Fryslân - Disclaimer