NIJS   19-02-2022


Nûmer 1: Ate Eijer

Kwote: `De FNP wol dat de gemeente mear stjoer kriget oer it wenferlet fan de eigen ynwenners`

1 Ate
Nûmer 1: Ate Eijer 

Sûnt 2010 sit ik yn de ried fan de gemeente Hearrenfean, mar ha it gefoel dat myn wurk noch net dien is. Dêrom wol ik der noch wol in perioade oan fêst keppelje. Ik wol in stim wêze foar de ynwenners fan ús moaie gemeente en my ynsette foar saken dy’t de minsken dwaande hâldt. Dat kin grutte dingen wêze, bygelyks de doarpsbudzjetten, de feilichheid yn de gemeente, it Frysk mar ek om alle doarpen de romte te jaan om har te ûntwikkeljen. Mar by namme wol ik my ek ynsette foar de lytsere saken wêr’t altiten gjin oandacht foar is. Dan giet it om oanfragen fergunningen, de kontakten mei de gemeente of it ûnderhâld fan gemeentlike eigendommen yn de eigen omjouwing .Ynwenners fan de gemeente moatte ommers mei in soad nocht yn de doarpen, it bûtengebiet en de wiken wenje kinne. Dêrom net prate “Stim Ate”

Kwote: `De FNP wol dat de gemeente mear stjoer kriget oer it wenferlet fan de eigen ynwenners`


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2022 FNP Fryslân - Disclaimer