NIJS   17-02-2022


Nûmer 2: Alette Kleefstra

Kwote: `Gjin bern mear út hûs pleatse`

2 Alette
Nûmer 2: Alette Kleefstra

Myn namme is Alette Kleefstra, ik bin in grutske mem fan 2 ynmiddels folwoeksen bern, ik wenje yn Nijhoarne en ik ha it dêr tige nei’t sin. De ôfrûne 4 jier mocht ik de FNP fertsjintwurdigje yn’e gemeenteried fan Hearrenfean, in earfolle taak dy’t ik mei in soad nocht en wille stâl jun ha, ik hoopje dan ek dat ik de kommende 4 jier fierder gean mei yn it spoar wêr’t ik no op sit. Myn driuwfear is en bliuwt it ferbetterjen fan it Sosjaal Domyn en der foar soarchje dat elkenien sa goed as mooglik mei dwaan kin op syn as har manier. Yn myn wurk as begelieder fan minsken mei in beheining, ûnderfyn ik fan tichtby wêr’t it somtiden knypt binnen de helpferliening, op it mêd fan belied meitsjen probearje ik dan binnen de gemeenteried saken te ferbetterjen. Opkomme foar dyjinge dy’t net sa goed foar him as harsels opkomme kin, der stribje ik nei, mar altyd mei respekt en fatsoen foar elkenien. Mei jo/dyn stim kin ik wer fjouwer jier foarút, stim dan op FNP (list 4), nûmer 2. Tankjewol.

Kwote: `Gjin bern mear út hûs pleatse`


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2022 FNP Fryslân - Disclaimer