NIJS   15-02-2022


Nûmer 3: Gerrit Jansen

Kwote: `Us natuer, keunst en kultuer binne ideaal. Hja sprekke harren memmetaal`

3 Gerrit J
Nûmer 3: Gerrit Jansen
 
Ik bin Gerrit Jansen, 57 jier, hikke en tein yn Aldskoat. Troud mei Carla. Tegearre binne wy grutsk op ús bern en pake- en beppesizzers. Wy wenje yn wyk `de Akkers` fan`t Hearrenfean. Ik wurkje as KAM koördinator (kwaliteit, arbo en miljeu) en bin tagelyk ûndernimmingsriedslid by dy grutte huzebouwer (foarhinne bussebouwer) yn Hearrenfean-Noard. Yn myn frijetiid wie ik altyd warber foar in natuerferiening. Fan gewoan bestjoerslid, sekretaris oant foarsitter, ik ha alle funksjes altyd mei protte wille dien. Ek as hobbymuzikant bin ik altyd ûnderweis en ûnder de minsken. Jawis, ik bin oeral `thús en te plak.` 

Graach soe ik myn positive en nochteren kyk op'e wrâld mei jo diele wolle troch sit te nimmen yn'e gemeenteried. 
Troch myn ynset, humor, sosjale feardigens, harkjend-, trochsettings-, en ynlibbensfermogen plus (minske)kennis tink ik sa in 
betrouber gemeenteriedslid en peteargenoat wêze te kinnen foar elkenien. Foar jong, âld, minske as bist.  

Myn kwote lit sjen dat ik ús natuer, keunst, kultuer en taal heech yn it findel ha en dat elk `fûgeltsje` hjir sjonge mei sa`t it bekt is. Ek ha ik each (en ear) foar tal oare talen en saken (û.o. wenjen, duorsumens en leefberens yn wyk, streek as doarp, ûnderwiis ensaf.) dy't jo weromfine kinne yn ús ferkiezingsprogramma. Us ferkiezingsprogramma (twatalich) fine jo fia it menuknopke `programma` fan ús webstek. Binne jo (ek) fan miening dat der wol wat mear 'muzyk' sitte mei yn ús gemeenteried? Stim dan op my!

Hawar, lit my no net foar de muzyk útrinne. Want jo meie it allegearre bepale, jo kinne it safier krije. Stim list fjouwer, nûmer trije. Tank yn't foar.

Kwote: `Us natuer, keunst en kultuer binne ideaal. Hja sprekke harren memmetaal`

 
Nummer 3: Gerrit Jansen 

Ik ben Gerrit Jansen, 57 jaar, geboren en getogen in Oudeschoot. Getrouwd met Carla. Samen zijn we trots op onze kinderen en `pake- en beppesizzers.` Wij wonen in wijk `de Akkers' van Heerenveen. Ik werk als KAM coördinator (kwaliteit, arbo en milieu) en ben tegelijk ondernemingsraadslid bij die grote huizenbouwer (voorheen bussenbouwer) in Heerenveen-Noord. In mijn vrijetijd was ik altijd actief voor een natuurvereniging. Van gewoon bestuurslid, secretaris tot voorzitter, ik heb alle functies altijd met veel plezier gedaan. Ook als hobbymuzikant ben ik altijd onderweg en onder de mensen. Jazeker, ik ben overal `thuis en op zijn plaats.`
 
Graag zou ik mijn positieve en nuchtere kijk op de wereld met u willen delen door zit te nemen in de gemeenteraad. Door mijn inzet, humor, sociale vaardigheid, luisterend-, doorzettings- en inlevensvermogen plus (mensen)kennis denk ik zo een betrouwbaar gemeenteraadslid en gesprekspartner te kunnen zijn voor iedereen. Voor jong, oud, mens of dier.

Mijn quote laat zien dat ik onze natuur, kunst, cultuur en taal hoog in het vaandel heb en dat elk `vogeltje` hier mag zingen zoals het gebekt is.
Ook heb ik oog (en oor) voor tal andere talen en zaken (o.a. wonen, duurzaamheid en leefbaarheid in wijk, streek of dorp, onderwijs enz.) die u kunt terugvinden in ons verkiezingsprogramma. Ons verkiezingsprogramma (tweetalig) vindt u via het menuknopje ` programma ` van onze website. Bent u (ook) van mening dat er wel wat meer 'muziek' mag zitten in onze gemeenteraad? Stem dan op mij!

Enfin, laat me nu niet voor de muziek uitlopen. Want u mag het allemaal bepalen, u kunt het zover krijgen. Stem lijst vier, nummer drie. Bij voorbaat dank.

Quote: `Onze natuur, kunst en cultuur zijn ideaal. Ze spreken hun moedertaal`


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2022 FNP Fryslân - Disclaimer