NIJS   13-02-2022


Nûmer 4: Alfred Plantinga

Kwote: `Elkenien heart him feilich te fielen, oeral en altyd`

4 Alfred
Nûmer 4: Alfred Plantinga

Myn namme is Alfred Plantinga, 59 jier en hikke en tein op’t Hearrenfean. Yn 2020 haw ik de mooglikheid hant gebrûk te meitsje fan een FLO regeling en bin sadwaande ‘pensionado’. It klisjee dat je it drokker ha as ea is wier. Nei een jier of 8 mantelsoarch foar myn skoanâlden haw ik no tiid foar saken wer`t ik niiget oan haw, sa swem ik eltse dei hjir yn’e Heidemar, bin ik oanslûten by de wurkgroep Magna Frisia, wermei we dwaande binne te sjen in âld Frysk doarp, iere midsiuwen, del te setten. Mei as doel minsken ús skiednis sjen te litten en bern yn kunde te bringen mei ambachten om har te motivearjen ek ris te sjen mei de hannen te wurkjen en der een geskikte oplieding by te sykjen. Derneist stean ik op `oprop’ noch een pear dagen yn’e moanne foar de klasse yn’t basisûnderwiis as wrâlddosint wer ik de bern fermeitsje mei ûs skiednis yn’e iere midsiuwen. Tegearre mei myn frou Anke en ûs wetterhûnen reizigje we graach foaral troch Skandinavie. Wat der opfalt is de grutskens dy se der hawwe foar harren lân, kultuer en tradysjes. Somstiiden mis ik dat hjir wol ris wylst we hjir safolle hawwe om tige grutsk op te wêzen. En omdat we it yn Fryslân dochs faaks krekt efkes oars dogge sprekt de FNP my oan. Polityk aktyf wêze wie yn myn wurksum libben by de brânwacht yn ploegentsjinsten net mogelik mar no is de tiid der ryp foar. It meidraaien yn’e skaadfraksje hat my tige foldien en wat my oangiet soe ik wol de stap meitsje wolle nei de gemeenteried. We steanne foar een tiid wêr`t in protte saken op ûs gemeente ôfkomme en ik soe hiel graach jo stim hawwe om ûs program de kommende jierren stal te jaan.

Kwote: `Elkenien heart him feilich te fielen, oeral en altyd`


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2022 FNP Fryslân - Disclaimer