It jeugdbelied moat en kin goedkeaper en effisjinter. Mar dêr foar hoech we net in djoer advys fan in ekstern buro. Neffens de FNP is de kennis hjirfoar yn eigen hûs of by oare gemeenten wol oanwêzich. No ynsette op besunigingen tsjinnet de jeugdsoarch net. We moatte der foar soargje dat it jild op it goeie plak komt en net op giet oan burokrasy of yn de bûsen fan grutte organisaasjes komt.
Neffens de FNP hat bliken dien dat de merkwurking yn de soarch foar kwetsbere jongerein en mar ek de âlders hjir faaks net mei holpen binne. Mei de merkwurking bliuwe we hingjen yn regeljouwing. Mar dat net allinnich. Elke organisaasje hâldt him strak fêst oan dizze regeljouwing en giet dêrmei foarby oan idee dat regels net mear as in middel binne en nea in doel wêze moatte. Foar de FNP kin der dan ek better stopje mei it idee fan merkwurking yn de jeugdsoarch. It kin wol oars ienfâldiger. Bygelyks stopje mei de oanbestegingen yn de jeugdsoarch. Hjirtroch komt der mear tiid beskikber foar it doel fan de jeugdsoarch. Bern, jongerein en harren âlders en/of fersoargers en gesinnen de stipe jaan dy't se nedich ha.