NIJS   31-08-2021


FNP is posityf oer plannen sintrum fisy Jobbegea

De FNP yn de gemeente Hearrenfean is posityf oer de sintrumfisy foar Jobbegea. It plan stiet op de aginda fan de ried fan 9 septimber en de FNP sil dan ek foarstimme.
(sjoch foar de plannen op dizze link: https://ris2.ibabs.eu/Agenda/Details/Heerenveen/fc1fd9df-d78a-4fd4-9c72-9c19a60d8f7b)


sintrum fissy Jobbegea

Yn de kommisje ROM fan foarige wike tongersdei makke fraksjefoarsitter Ate Eijer oer it plan en de tarieding de folgende opmerkingen:

  

By de FNP binne we net sa foar it jaan fan kompliminten oer it wurk fan de gemeente. Neffens ús is dit in taak wêrfoar we as ried, mar ek it kolleezje en de amtners foar oanstelt binne. Mar yn it gefal fan de sintrumfisy foar Jobbegea wolle we in útsûndering meitsje.

As FNP wolle we ús wurdearring útsprekke foar it plan dat der no leit mar ek foar de wize wêrop dit plan ûntwikkele is.  It is in plan mei, foar en troch de ynwenners en opstelt mei stipe fan de amtlike organisaasje.

En sa oft do bliken docht binne de ynwenners oant no ta wiis mei de plannen. Al wolle we noch wol in minpuntsje beneame.  Sa oft it der no foar stiet kin mar 2/3 fan de plannen útfiert wurde. Dit hat te krijen mei it jild dat de ried beskikber stelt hat by de ferdieling fan it fûns fitale kearnen . Neffens ús hie de ferdieling oars moatten en is in 2e oerdekte parkeargaraazje op It Hearrenfean net nedich.  Hiene we in oare kar makke dan hier der ek sjoen wurde kind nei in oare ferdieling wêrby der mear jild beskikber komme koe foar Akkrum, Aldeboarn en Jobbegea.

Mar it is net oars.

We binne it dan ek iens mei de plannen, mar ha noch wol in pear oandachtspunten. We sjogge hjirby nei de swot analyze yn it stik en dan by namme nei de swaktes, kânsen en bedrigingen. 

Hjir blykt út dat der troch de ûndernimmers op de Tredde Slûs noch wol in pear stappen makke wurde kinne. Tink oan in eigen webside en foaral ek de útstrieling fan de winkels.  Mar miskien is it plan wêr't we no in klap op jaan sille foar de ûndernimmers wol in oanset om dit no  op te pakken.

Mar ek lizze der noch opdrachten/taken foar de gemeente.  De ynrjochting fan de iepenbiere romte en in kreëaren fan sfear wurdt mei dit plan oppakt. Mar as bedriging foar Jobbegea wurdt ek it werom rinnen fan it oantal ynwenners neamt.  Neffens de FNP moat dêrom op koarte termyn wurk makke wurde fan de plannen foar de bou fan in appartemint en hûzen op de lokaasje De Feart mar ek sil der sjoen wurde moatte nei in nij bestimmingsplan foar de Tredde Slûs mei mooglikheden foar de bou fan wenten, sosjale hier mar ek frije kavels". 

Sa oft it no liket stelt de ried op 9 septimber it jild, 2,9 miljoen euro, foar de plannen beskikber.  Dan kin der start wurde mei de útwurking fan de plannen. De earste skeppe kin dan yn septimber 2022 de grûn yn. 



Tags: Wenje yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer