NIJS   22-08-2021


Jou de boer de romte

De gjalp fan de FNP by de provinsjale ferkiezingen yn 2019 wie: “Jou ús de romte”.
Hjirmei wurde der op doelt dat Fryslân de romte ha moat om sels beslissingen te nimmen oer har lân en de mienskip. Mar ‘jou ús de romte’, jild net allinnich foar bestjoerlik Fryslân mar ek foar de boeren.
Ek de boeren moatte de romte krije en hâlde om te buorkjen. Reden foar de FNP Hearrenfean om by it fêststellen fan de omjouwings fysje mei GBH, VVD, CDA en Christen Unie in amendemint yn te tsjinjen wêryn romte frege wurdt foar de agraryske sektor. In útstel dat net stipe is troch GrienLinks, PvdA, SP, HL en D’66.


FNP Hearrenfean kiest hjirmei foar in stabyl en betrouber plattelânsbelied dy't soarget foar it behâld fan de wurkgelegenheid en in sûne ekonomy.

Twa tredde fan de gemeente Hearrenfean bestiet út agraryske grûn. Grûn wêr't in soad minsken wurkje en wenje. By nij belied sil der dan earst nei de minsken sjoen wurde en dernei nei de regels.

De gemeente Hearrenfean lit hjirmei sjen dat se op it mêd fan de agrarische sektor har posityf wol ûnderskiede.  Wol sil der by  sjoen wurde moatte nei nije inisjativen ( natuerynklusive  lânbou) mar  sa dat der in lykwicht bliuwt tusken lânskip en lânbou. Ek bou en greide binne natuer.

 

 De transysje nei mear natuerynklusive lânbou is mei op oanstean fan de FNP yn gong set. Wy kinne hjir de kommende tiid fierder mei gean en de hiele Fryske lânbou omfoarmje nei in duorsume wize fan buorkjen, dy't yn balâns is mei syn omjouwing. Dat betsjut dat no ynset wurde moat moat om safolle mooglik grûn bûn biologysk en natuer freonlik te buorkjen, mei respekt foar de omjouwing.Mar dêrfoar moat de boer wol de romte krije om hjir yn mei te gean. Sa oft it no liket stean de measte boeren hjir ik wol iepen foar.

 Mei inoar binne we ommers ferantwurdlik foar de natuer. Foar de FNP  is de natuer yn syn hiele hear en fear de kearnkwaliteit fan Fryslân en de mienskip. Dy moatte wy bewarje en dêr meie wy fan genietsje en profitearje. De natuer, dy't foar ús mienskip fan libbensbelang is, moat fierder ferstevige wurde mar  moat wol goed beheard wurde kinne en bliuwe. It behâlden en fersterkjen fan it bioferskaat is dêrby it útgongspunt. De FNP wol dat it behear fan de natuer, ek bou en greide binne natuer,  wêr't dat kin safolle mooglik troch de mienskip sels dien wurdt.

 



Tags: Buorkje yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer