NIJS   18-08-2021


Besuniging op sportcoaches is ferkeard sinjaal.

Ien fan de útstellen fan it sittende kolleezje fan de gemeente Hearrenfean, om de gemeente út de finansjele problemen te heljen, is te besunigjen op de buurtsportcoaches. In ynstek wêryn it kolleezje stipe wurdt troch in grut part fan de ried.
De FNP en inkele oar partijen ha hjir by it fêststellen fan de perspektyf nota net mei ynstimt en sjogge dizze besuniging as in ferkeard sinjaal.


Buurtsportcoaches binne foar gemeenten de helpende hân by it oanbieden foan foldwaande sport en bewegingsmogelikheden foar alle ynwenners, mar foaral foar de jongerein. De buert en sportcoaches, binne de ferbinende skeakel tusken gemeenten, ûnderwiis, sportferieningen en soarch en wolwêzen organisaasjes yn in gemeente. 

Yn Hearrenfean binne der op it stuit 10 buurtsportcoaches aktyf. 8 Har wurk wurdt, ek troch it kolleezje, wurdearre sa docht bliken út it foarwurd fan wethâlder Jelle Zoetendal yn it jierferslach oer de buurtsportcoaches fan 2020.

buursportcoach

"Het is heel bijzonder dat in een periode dat alles stil leek te staan, dit team in Heerenveen ontzettend creatief is geweest om zoveel mogelijk mensen in beweging te zetten. En dat er, zeker voor de jeugd, toch veel georganiseerd werd," zegt wethouder sport Jelle Zoetendal. "Maar ook aan de thuiswerkende volwassenen werd gedacht. Voor jong en oud zijn juist heel veel activiteiten opgezet. ‘Scoren voor Gezondheid' is niet meer weer weg te denken in onze gemeente!"

 

It is dan ek net te begripen dat it kolleezje fan de gemeente Hearrenfean, en mei har ek in grut part fan de ried, fan betinken is dat der wol op buurtsportcoaches besunige wurde kin. De FNP wit dat der besunige wurde moat mar sjocht hjirfoar wol oare mooglikheden. Bygelyks it skrassen fan de 2e parkeargaraazje op It Hearrenfean of de hege subsydzjes foar bepaalde kulturele projekten mar ek soe der wol sjoen wurde kinne nei it húsfestingsplan foar it ûnderwiis en ek set de FNP fraachtekens by alle projekten dy't te krijen hat by de duorsumens aginda. 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer