NIJS   10-08-2021


Sit Jobbegea Tredde Slûs op slot?

De fraksje fan Heerenveen Lokaal yn de ried fan Hearrenfean hat foarige wike in oantal relevante fragen oan it kolleezje stelt oer de plannen foar de bou fan in appartemint en wenningen op de eardere lokaasje fan obs De Feart oan de Skoallewei op Jobbegea Tredde Slûs (sjoch hjirunder). As FNP binne we benijd nei de antwurden op dizze fragen mar we ha ek noch in oantal oanfoljende fragen foar it kolleezje:

 

wenning De Feart

 "Sa at út de plannen dy't der no lizze, en wêr HL fragen oer stelt hat, bliken docht is mei de ynfolling fan it terrein fan de eardere lokaasje fan obs  De Feart,  útsein in inkelde lokaasje oan de Kamperfoelie, gjin romte mear foar de bou fan nije wenningen op de Tredde Slûs yn Jobbegea.
 
Jobbegea Tredde Slûs komt hjir mei op slot te stean wylst út in rapport fan burea DE SWART fan begjin dit jier bliken docht dat de doarpen yn de gemeente Hearrenfean fan betinken binne dat it goed wêze soe dat der nije wenwiken realiseare wurde moatte omdat it oanbod fan keap en hierwenningen foar starters, eigen jonge en - âlde rein, no al, mar foaral yn de takomst te beheind is" . De FNP wol fan it kolleezje dêrom graach in antwurd op de folgjende fragen: 
  • Is it kolleezje it mei de FNP iens dat der op Jobbegea Tredde Slûs nei de ynfolling fan lokaasje De Feart gjin romte is foar nije plannen op it mêd fan wenningbou?
  • It it kolleezje it mei de FNP iens dat Jobbegea Tredde Slûs hjirmei op slot komt te stean? Is it kolleezje it mei de FNP iens dat der op koarte
  •  termyn sjoen wurde moat nei nije útwreidingsplannen foar Jobbegea Tredde Slûs? (bygelyks troch it ûntwikkeling fan in nij plan of plannen oan
     de P.W. Janssenwei.)

 

Fragen Heerenveen Lokaal: Appartementen complex

 

  • Hoe ver is de procedure voor de bouw van het appartementen complex?
  • Kan het college een datum aangeven wanneer de bouw hiervan van start kan gaan en hoeveel huur en of koopwoningen komen hier? Zo nee waarom niet
  • Waarom neemt deze procedure om te komen tot de bouw van het appartementen complex zoveel tijd? Wat is hier de oorzaak?
  • Zijn alle appartementen/woningen energieneutraal?
  • Voor welke leeftijden categorieën wordt hier gebouwd?
  • Vragen over de Vrije Kavels:
  • Er wordt nu volop gebouwd aan een eerste woning op deze locatie op de hoek kavel Schoolweg/Ekke Dijkstraweg. Terwijl de rest van dit terrein nog geheel leeg is.
  • Zijn er bij de gemeente vragen bekend over de mogelijkheden tot bouw op de nog lege vrije kavels?
  • Hebben potentiële gegadigden voor deze kavels zich gemeld bij de gemeente volgens het college?
  • Zo ja waarom is er dan verder nog geen kavel verkocht behalve de hoekkavel Schoolweg/Ekke Dijkstraweg?
  • Wanneer komen de andere kavels in de verkoop? Indien deze nu niet te koop zijn hoe kan het dat een eerste kavel verkocht en bebouwd wordt?
  • Indien men geïnteresseerd is in een kavel waar kan men zich dan melden en wat zijn de voorwaarden om hier te mogen bouwen?
  • Zijn de resterende vrije kavels per direct te koop? Zo nee waarom niet? Zo ja sinds wanneer zijn deze vrije kavels in de verkoop gegaan?
  • Bent u het met Heerenveen Lokaal eens dat er zo snel mogelijk actie vanuit het college moet komen om hier helderheid te verschaffen en het dorp en haar inwoners de mogelijkheid te bieden tot de bouw van een eigen woning op de betreffende locatie (De Feart) ?    

 



Tags: Wenje yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer