NIJS   04-08-2021


FNP wol net besunigje op soarchfersekering

Op 8 july hat de gemeenteried fan Hearrenfean it finansjele perspektyf foar de kommende jierren fêststelt. As de plannen yn novimber, by it fêststellen fan de begrutting, net bystelt wurde binne it foaral de minsken mei de leechste ynkommens dy’t it de kommende jierren belije moatte om de finânsjes fan de gemeente Hearrenfean wêr op oarde te krijen.
Dit blykt it dúdlikste út de plannen om te besunigjen op it oanbieden fan de kollektive oanfoljende soarchfersekering foar minsken mei lege ynkommens.

Yn de gemeente Hearrenfean wurde no foar dizze minima 2 alternative soarchfersekeringen oanbean. De HRZ en de AV Frieso. Hjirfan wurd troch 2000 minsken gebrûk fan makke. (500 foar de HZR en 1500 foar de AV Friso). Dizze oanfoljende soarchregelingen wurde foaral brûkt troch minsken dý’t har oars net oanfoljende fersekerje soene omdat dit te djoer is. De AV Friso is hjirby foar de gemeente in djoere administrative oplossing en soarget foar in soad wurk foar de organisaasje. De HZR is in regeling wêrby yn ien kear 155 euro útkeart wurdt om minsken de kâns te jaan sels in oanfoljende soarchfersekering te kiezen. Dus sûnder administrative rompslomp.

Mar omdat de gemeente te krijen hat mei jildkrapte wol ik kolleezje beide soarchfersekeringen skrasse. Hjirmei soe der jierliks 375.000 besunige wurde kinne. In grutte mearderheid fan de ried, besteande út PvdA, VVD, CDA, D’66, GBH en de CU, stiet wol efter dizze plannen en sjocht yn dizze besunigingen in kâns om it finansjele húshâldboekje foar de kommende jierren wêr op de rit te krijen. Foar de FNP net in goeie kar. We binne fan betinken dat der yn elk gefal ien fan de beide regelingen bestean bliuwe moat. Dit soe dan de HZR wêze moatte wêrtroch der noch altiten wol 150.000 besunige wurde kin.
Der binne neffens de FNP wol oare mooglikheden om te besunigjen. Dêrfoar sil de ried yn novimber in kar meitsje moatte. Bygelyks troch de kommende jierren gjin ekstra jild útjaan oan it fersterkjen fan it bioferskaat en of it skrassen fan bepaalde subsydzjes foar grutte eveneminten. Mar ek kin der wol sjoen wurde nei it behear fan de iepenbiere romte en kin der ek wol sjoen wurde nei ín fasering foar de húsfêsting fan it basisûnderwiis. Boppe dat soe der noch wol ris goed sjoen wurde moatte nei de plannen foar in 2e oerdekte parkeargaraazje yn it sintrum fan It Hearrenfean. In ynvestearring fan 8 miljoen euro.



ziektekostenverzekering zorgverzekering 300x199



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer