NIJS   26-07-2021


Lokaal iepenbier ferfier is op it stuit wichtiger dan de Lelyline.

Yn Dútslân is freed begûn mei de nijbou fan de Friesenbrûcke as ûnderdiel fan de spoarferbining tusken Grinslân en Dútslân. Foar Anne Hettinga fan Arriva komt hjirmei in ein oan in pineholledossier, sa stelt hy yn op Omrop Fryslân. “Wy wolle ynvestearje yn it trajekt Grins-Bremen. Sa wol ik myn dream realisearje: ynstappe yn Harns en yn deselde trein trochride nei Bremen." Hettinga jout hjirmei oan dat lokaal ferfier tige wichtich is.

Dizze útspraak slút hiel goed oan by de oanpassing yn de strategyske aginda fan de gemeente Hearrenfean dy't earder dit jier troch de ried fêststelt is.

Op inisjatyf fan de FNP is yn de aginda fêstlein dat de gemeente Hearrenfean har ynsette sil foar de berikberheid en it behâld fan it iepenbier ferfier  binne de gemeentegrinzen. Dus foar it lokale iepenbier ferfier. Hjir binne noch wol stappen te setten. Tink moar oan de berikberheid fan it sikehûs en  Skoatterwâld. Mar ek sil der goed sjoen wurde moatte  nei de nije provinsjale konsesje iepenbier ferfier wêryn de fokus net lein wurde moat op it saneamde strekken fan buslinen. Buslinen hearre troch de doarpen te riden en der net by lâns.

Dan wurdt de op it stuit in protte praat oer de lelyline, dêr is neat mis mei. Mar dan sil dit wol in spoar line wurde moatte dy't, krekt as by it trajekt nei Bremen, oansluting fynt by it spoar nei Noard Dútslân en Skandinavië. En dat liket der,omdat se yn Dútslân dit belang (noch) net sjogge, op it stuit net op . Dêrom is it folle better dat der no earst ynset wurdt op it behâld en it ferbetterjen fan it lokale iepenbier ferfier. 

Neue Friesenbruecke Visualisierung ARGE Friesenbruecke

Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer