NIJS   20-07-2021


Opinystik

Myn tredde perioade yn de ried sit der hast op. In perioade wêr ik mei mingde gefoelens op werom sjoch. Dit hat foar in grut part te krijen mei de maatregels oangeande Corona wêrtroch ik it riedswurk net útfiere koe sa oft ik it einliks wol en sa oft it neffens my ek moat. Kontakt mei ynwenners wie mar beheind en ik ha skjin myn nocht fan it digitale gearkommen. Mar ek bin ik net wiis mei de wize wêrop de ried de ôfrûne 3,5 jier mei inoar wurke hat. By de start is der in koälysje akkoard sletten mar ek in tematyske riedsoerienkomst. In koälysje akkoard is in ôfspraak tusken de partijen dy’t yn it kolleezje sitte. In tematysk riedsoerienkomst is in ôfspraak tusken alle partijen yn de ried wêrby bepaalde útgongspunten foar in riedsperioade fêst lein wurde. Dit lêste hat my net foldien. Ik bin fan betingst dat de ried har hjirmei sels gjin rjocht docht en har op foarhân oerjout oan besluten wêr je letter net op wêrom komme kinne. Sa oft ik al yn de ried oanjûn swimme we wol faker yn in fûke wêr’t we mar dreech út komme kinne. Tink mar oan de diskusje oer de Leyline. In tematysk riedsoerienkomst hoecht foar my dus foar de folgjende perioade, ik wol noch wol in 4e perioade, net wer.
In riedsoerienkomst is neffens my ek net goed foar it dualisme. It kolleezje hat dan ek tankber gebrûk makke fan it tematysk riedsoerienkomst en makke by diskusjes wol gau ris de opmerking dat de rjochting dy’t de ried keazen hat troch de ried sels bepaald is en dat sy allinnich mar útfiert wat de ried beslist.
It kolleezje wurd en wurde hjiryn yn de measte gefallen folslein stipe troch de 4 koälysje partijen, PvdA, CDA en VVD en gedoog partner GBH. De lêste is ek de oanjager fan it tematysk riedsoerienkomst. 1 + 1 = 2
Dan de ferhâldingen yn de ried. Dat wurdt der de lêste tiid net better op. Wol gauris ha bepaalde fraksjes of riedsleden terjochte of ûnterjochte krityk op oare fraksjes. Dit is net slim, mar de wize wêrop noasket my net. Ik fûn dat dit yn myn earste 2 perioaden folle freonliker wie. Freonliker tsjinoer inoar mar ek freonliker tsjin oer it kolleezje. Ik gean altiten út fan de goeie bedoelingen fan it kolleezje al bin ik het wol gau ris net mei har iens. Mar dat is polityk. It giet my om it gedrach en de wurden. Dêr set ik myn fraachtekens wol ris by.

Ate Eijer


undefined
riedsoerienkomst 


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2022 FNP Fryslân - Disclaimer