NIJS   13-07-2021


Bestean biblioteken Akkrum en Jobbegea wurde bedrige

De takomst fan de biblioteken yn Akkrum en Jobbegea stiet faai. De gemeente Hearrenfean hat te krijen mei jild krapte en siket nei finansjele oplossingen. Ien fan de oplossingen is om de fjouwer grutte kulturele organisaasjes yn de gemeente, Atelier Majeur, Museum, de biblioteek en It Posthûs op te dragen om mei inoar struktureel jierliks 200.000 euro te besunigjen. Sy soene dit sykje moate yn de eigen organisaasje, it management, de programering en de húsfêsting. Hjirby kin u.o. tocht wurde oan de ferkeap fan De Rinkelbom in it ûnderbringen fan kultueredukaasje by de skoallen. Mar neffens it kolleezje fan CDA, VVD en PvdA is it ek in opsje om de biblioteken yn Akkrum of Jobbegea te sluten. De FNP ferset him tsjin dit idee. Yn de riedsgearkomste fan 8 july hat de FNP in moasje yntsjinne wêryn de ried har útsprekke koe dat neist de haadfêstiging fan de biblioteek op It Hearrenfean der ek folweardige fêstigingen fan de biblioteek yn Akkrum en Jobbegea bestean bliuwe moatte. De moasje is net oannaam. De FNP krige allinniich stipe fan GrienLinks, SP en Heerenveen Lokaal. It CDA, CU, VVD, PvdA, GB Heerenveen en D’66 stimden tsjin. De stichting biblioteken Sûd Fryslân kriget hjirmei de frije hân om te sjen wêr en hoe’t se besunigje wol en kin der foar kieze om ien, of beide, biblioteken yn Jobbegea en Akkrum te sluten.

Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2022 FNP Fryslân - Disclaimer