12-09-2021 - Besunigje op jeugdsoarch is ferkeart
De FNP hat foarige wike tongersdei tsjin de besunigingen op it jeugdbelied stimt.
De fraksje koe har wol fine yn it útstel fan it kolleezje om te stribjen nei in lokaal akkoard transformaasje jeugdbelied mar net yn de ynstek om no al yn te setten op kosten besparjende maatregels. De FNP is fan betinken dat der wol oanpassingen yn it belied nedich binne en dat gemeente en soarch partners hjiroer mei inoar ôfspraken meitsje moatte . Dêrby moat net allinnich sjoen wurde nei wat de kosten binne mar moat der ek sjoen wurde nei wat it belied opsmyt. Mar om no, as net iens dúdlik wat de tekoarten yn de kommende jierren binne, al mei útstellen te kommen om direkt mar te besunigen, giet de fraksje in stap te fier.

31-08-2021 - FNP is posityf oer plannen sintrum fisy Jobbegea
De FNP yn de gemeente Hearrenfean is posityf oer de sintrumfisy foar Jobbegea. It plan stiet op de aginda fan de ried fan 9 septimber en de FNP sil dan ek foarstimme.
(sjoch foar de plannen op dizze link: https://ris2.ibabs.eu/Agenda/Details/Heerenveen/fc1fd9df-d78a-4fd4-9c72-9c19a60d8f7b)

22-08-2021 - Jou de boer de romte
De gjalp fan de FNP by de provinsjale ferkiezingen yn 2019 wie: “Jou ús de romte”.
Hjirmei wurde der op doelt dat Fryslân de romte ha moat om sels beslissingen te nimmen oer har lân en de mienskip. Mar ‘jou ús de romte’, jild net allinnich foar bestjoerlik Fryslân mar ek foar de boeren.
Ek de boeren moatte de romte krije en hâlde om te buorkjen. Reden foar de FNP Hearrenfean om by it fêststellen fan de omjouwings fysje mei GBH, VVD, CDA en Christen Unie in amendemint yn te tsjinjen wêryn romte frege wurdt foar de agraryske sektor. In útstel dat net stipe is troch GrienLinks, PvdA, SP, HL en D’66.

18-08-2021 - Besuniging op sportcoaches is ferkeard sinjaal.
Ien fan de útstellen fan it sittende kolleezje fan de gemeente Hearrenfean, om de gemeente út de finansjele problemen te heljen, is te besunigjen op de buurtsportcoaches. In ynstek wêryn it kolleezje stipe wurdt troch in grut part fan de ried.
De FNP en inkele oar partijen ha hjir by it fêststellen fan de perspektyf nota net mei ynstimt en sjogge dizze besuniging as in ferkeard sinjaal.

10-08-2021 - Sit Jobbegea Tredde Slûs op slot?
De fraksje fan Heerenveen Lokaal yn de ried fan Hearrenfean hat foarige wike in oantal relevante fragen oan it kolleezje stelt oer de plannen foar de bou fan in appartemint en wenningen op de eardere lokaasje fan obs De Feart oan de Skoallewei op Jobbegea Tredde Slûs (sjoch hjirunder). As FNP binne we benijd nei de antwurden op dizze fragen mar we ha ek noch in oantal oanfoljende fragen foar it kolleezje:

04-08-2021 - FNP wol net besunigje op soarchfersekering
Op 8 july hat de gemeenteried fan Hearrenfean it finansjele perspektyf foar de kommende jierren fêststelt. As de plannen yn novimber, by it fêststellen fan de begrutting, net bystelt wurde binne it foaral de minsken mei de leechste ynkommens dy’t it de kommende jierren belije moatte om de finânsjes fan de gemeente Hearrenfean wêr op oarde te krijen.
Dit blykt it dúdlikste út de plannen om te besunigjen op it oanbieden fan de kollektive oanfoljende soarchfersekering foar minsken mei lege ynkommens.

Yn de gemeente Hearrenfean wurde no foar dizze minima 2 alternative soarchfersekeringen oanbean. De HRZ en de AV Frieso. Hjirfan wurd troch 2000 minsken gebrûk fan makke. (500 foar de HZR en 1500 foar de AV Friso). Dizze oanfoljende soarchregelingen wurde foaral brûkt troch minsken dý’t har oars net oanfoljende fersekerje soene omdat dit te djoer is. De AV Friso is hjirby foar de gemeente in djoere administrative oplossing en soarget foar in soad wurk foar de organisaasje. De HZR is in regeling wêrby yn ien kear 155 euro útkeart wurdt om minsken de kâns te jaan sels in oanfoljende soarchfersekering te kiezen. Dus sûnder administrative rompslomp.

Mar omdat de gemeente te krijen hat mei jildkrapte wol ik kolleezje beide soarchfersekeringen skrasse. Hjirmei soe der jierliks 375.000 besunige wurde kinne. In grutte mearderheid fan de ried, besteande út PvdA, VVD, CDA, D’66, GBH en de CU, stiet wol efter dizze plannen en sjocht yn dizze besunigingen in kâns om it finansjele húshâldboekje foar de kommende jierren wêr op de rit te krijen. Foar de FNP net in goeie kar. We binne fan betinken dat der yn elk gefal ien fan de beide regelingen bestean bliuwe moat. Dit soe dan de HZR wêze moatte wêrtroch der noch altiten wol 150.000 besunige wurde kin.
Der binne neffens de FNP wol oare mooglikheden om te besunigjen. Dêrfoar sil de ried yn novimber in kar meitsje moatte. Bygelyks troch de kommende jierren gjin ekstra jild útjaan oan it fersterkjen fan it bioferskaat en of it skrassen fan bepaalde subsydzjes foar grutte eveneminten. Mar ek kin der wol sjoen wurde nei it behear fan de iepenbiere romte en kin der ek wol sjoen wurde nei ín fasering foar de húsfêsting fan it basisûnderwiis. Boppe dat soe der noch wol ris goed sjoen wurde moatte nei de plannen foar in 2e oerdekte parkeargaraazje yn it sintrum fan It Hearrenfean. In ynvestearring fan 8 miljoen euro.

26-07-2021 - Lokaal iepenbier ferfier is op it stuit wichtiger dan de Lelyline.
Yn Dútslân is freed begûn mei de nijbou fan de Friesenbrûcke as ûnderdiel fan de spoarferbining tusken Grinslân en Dútslân. Foar Anne Hettinga fan Arriva komt hjirmei in ein oan in pineholledossier, sa stelt hy yn op Omrop Fryslân. “Wy wolle ynvestearje yn it trajekt Grins-Bremen. Sa wol ik myn dream realisearje: ynstappe yn Harns en yn deselde trein trochride nei Bremen." Hettinga jout hjirmei oan dat lokaal ferfier tige wichtich is.

20-07-2021 - Opinystik
Myn tredde perioade yn de ried sit der hast op. In perioade wêr ik mei mingde gefoelens op werom sjoch. Dit hat foar in grut part te krijen mei de maatregels oangeande Corona wêrtroch ik it riedswurk net útfiere koe sa oft ik it einliks wol en sa oft it neffens my ek moat. Kontakt mei ynwenners wie mar beheind en ik ha skjin myn nocht fan it digitale gearkommen. Mar ek bin ik net wiis mei de wize wêrop de ried de ôfrûne 3,5 jier mei inoar wurke hat. By de start is der in koälysje akkoard sletten mar ek in tematyske riedsoerienkomst. In koälysje akkoard is in ôfspraak tusken de partijen dy’t yn it kolleezje sitte. In tematysk riedsoerienkomst is in ôfspraak tusken alle partijen yn de ried wêrby bepaalde útgongspunten foar in riedsperioade fêst lein wurde. Dit lêste hat my net foldien. Ik bin fan betingst dat de ried har hjirmei sels gjin rjocht docht en har op foarhân oerjout oan besluten wêr je letter net op wêrom komme kinne. Sa oft ik al yn de ried oanjûn swimme we wol faker yn in fûke wêr’t we mar dreech út komme kinne. Tink mar oan de diskusje oer de Leyline. In tematysk riedsoerienkomst hoecht foar my dus foar de folgjende perioade, ik wol noch wol in 4e perioade, net wer.
In riedsoerienkomst is neffens my ek net goed foar it dualisme. It kolleezje hat dan ek tankber gebrûk makke fan it tematysk riedsoerienkomst en makke by diskusjes wol gau ris de opmerking dat de rjochting dy’t de ried keazen hat troch de ried sels bepaald is en dat sy allinnich mar útfiert wat de ried beslist.
It kolleezje wurd en wurde hjiryn yn de measte gefallen folslein stipe troch de 4 koälysje partijen, PvdA, CDA en VVD en gedoog partner GBH. De lêste is ek de oanjager fan it tematysk riedsoerienkomst. 1 + 1 = 2
Dan de ferhâldingen yn de ried. Dat wurdt der de lêste tiid net better op. Wol gauris ha bepaalde fraksjes of riedsleden terjochte of ûnterjochte krityk op oare fraksjes. Dit is net slim, mar de wize wêrop noasket my net. Ik fûn dat dit yn myn earste 2 perioaden folle freonliker wie. Freonliker tsjinoer inoar mar ek freonliker tsjin oer it kolleezje. Ik gean altiten út fan de goeie bedoelingen fan it kolleezje al bin ik het wol gau ris net mei har iens. Mar dat is polityk. It giet my om it gedrach en de wurden. Dêr set ik myn fraachtekens wol ris by.

Ate Eijer

13-07-2021 - Bestean biblioteken Akkrum en Jobbegea wurde bedrige
De takomst fan de biblioteken yn Akkrum en Jobbegea stiet faai. De gemeente Hearrenfean hat te krijen mei jild krapte en siket nei finansjele oplossingen. Ien fan de oplossingen is om de fjouwer grutte kulturele organisaasjes yn de gemeente, Atelier Majeur, Museum, de biblioteek en It Posthûs op te dragen om mei inoar struktureel jierliks 200.000 euro te besunigjen. Sy soene dit sykje moate yn de eigen organisaasje, it management, de programering en de húsfêsting. Hjirby kin u.o. tocht wurde oan de ferkeap fan De Rinkelbom in it ûnderbringen fan kultueredukaasje by de skoallen. Mar neffens it kolleezje fan CDA, VVD en PvdA is it ek in opsje om de biblioteken yn Akkrum of Jobbegea te sluten. De FNP ferset him tsjin dit idee. Yn de riedsgearkomste fan 8 july hat de FNP in moasje yntsjinne wêryn de ried har útsprekke koe dat neist de haadfêstiging fan de biblioteek op It Hearrenfean der ek folweardige fêstigingen fan de biblioteek yn Akkrum en Jobbegea bestean bliuwe moatte. De moasje is net oannaam. De FNP krige allinniich stipe fan GrienLinks, SP en Heerenveen Lokaal. It CDA, CU, VVD, PvdA, GB Heerenveen en D’66 stimden tsjin. De stichting biblioteken Sûd Fryslân kriget hjirmei de frije hân om te sjen wêr en hoe’t se besunigje wol en kin der foar kieze om ien, of beide, biblioteken yn Jobbegea en Akkrum te sluten.

28-01-2018 - FNP wol yn kolleezje Hearrenfean
Artikel Groot Heerenveen

23-12-2017 - Earste 10 gemeenteriedsferkiezingen 2018
Ate Eijer fan Jobbegea is foar de tredde kear troch de leden fan de ôfdieling Hearrenfean unanym keazen as listlûker fan de FNP Hearrenfean foar de gemeenteriedsferkiezingen fan maart 2018.

07-03-2014 - Gaswinning soarget foar ûnrêst yn Fryslân
De FNP ôfdielings Opsterlân en Hearrenfean organisearren op woansdei 5 maart in ynformaasjejûn oer gaswinning yn de provinsje Fryslân.


Dat dêr ferlet fan wie blykte út de opkomst, sa’n 60 belangstellenden besochten de jûn yn doarpshûs It Paradyske yn Langsweagen. De ynformaasje waard jûn troch meiwurkers fan 2 gaswinningsbedriuwen, it Kanadeeske Vermilion en it Nederlânske bedriuw Tulip Oil, oprjochte troch 3 âld-meiwurkers fan Shell.



Sybren Posthumus, lid fan de FNP fraksje yn provinsjale steaten liet yn in presintaasje sjen wat de gefolgen fan de gaswinning foar de ynwenners betsjut en makke ek ynsichtlik hoe'n lyts persintaazje fan de gasopbringsten ten goede komt oan de wingebieten. In pear sifers út syn betooch: de gasopbringsten út de noardlike fjilden leverje op jierbasis 829 miljoen euro op, it jierbudzjet fan de provinsje is € 397 miljoen.

Vermilion is al lang aktyf yn it súdlik part fan Fryslân, Tulip Oil begjint uterlik 2015 mei it opheljen fan gas út de grûn by Donkerbroek en De Himrik. De NAM (ûnderdiel fan Shell) is aktyf yn it noarden fan de provinsje.

Vermilion ferwachtet yn har wingebiet in maksimale boaiemdelgong fan fan trije oant fjouwer sentimeter, Tulip Oil hat nei mjittingen berekkene dat de delgong yn Donkerbroek en op De Himrik maksimaal ien sentimeter wêze sil.



Lang net alle oanwêzigen yn de seal hiene betrouwen yn dy sifers, neffens de wurdfierders fan de bedriuwen wiene se yngreven ûndersocht mar kinne se net garandearre wurde. Mocht de delgong hurder gean as ferwachte dan wurdt opholden mei boarjen.

19-11-2013 - Tige tank foar jo stim

24-10-2013 - Noarmen dy’t foar de Rânestêd betocht binne passe net ien op ien op Fryslân.

18-10-2013 - De FNP is gjin filiaalpartij fan grutte Nederlânske partijen.

Argyf
2021 FNP Fryslân - Disclaimer