Politike partijen binne de wichtichste skeakel tusken de boarger en de oerheid.
Mar as dy har posysje net wiermeitsje, wurde se de swakste skeakel.
It betrouwen yn de oerheid ferdwynt, om't it in sletten wrâld liket dêr't de stim fan de kiezer net telt.
De FNP hat it altyd as har wichtichste taak sjoen midden yn de mienskip te stean en de belangen fan alle ynwenners fan Hearrenfean te behertigjen.
Wy wolle der wêze foar alle ynwenners fan de gemeente wat har komôf ek wêze mei, om't de FNP útgiet fan de lykweardigens fan alle minsken. De partij hechtet oan in mienskip, dêr't elk himsels wêze kin mei each foar de eftergrûn fan oaren.
As Fryske federalistyske partij, fine wy dat wy yn Hearrenfean yn it foarste plak ús eigen saken regelje moatte en kinne. |