Logo FNP

FNP Hearrenfean

Frysk

FNP Hearrenfean

Frysk

Ynformaasjejûn oer gefolgen gaswinning.

De ôfdielingen FNP yn Opsterlân en Hearrenfean organisearje op 5 maart yn it doarpshûs fan Langsweagen in ynformaasjejûn oer de gefolgen fan gaswinning yn de beide gemeenten. De beide ôfdielings dogge dit bewust tegearre. Ferskillende boar lokaasjes steane op it grûngebiet fan de gemeente Opsterlân mar tichtby of op de grins fan Hearrenfean. Ûnder oare yn Langsweagen -De Knipe en Himrik- Hoarnstersweach. Mar ek noardlik fan Oerterp is in boar lokaasje wêr’t plannen foar binne om dizze op ‘e nij op te starten. Foar de ynformaasjejûn binne fertsjintwurdigers fan Vermilion en Tulip Oil, bedriuwen dy’t yn de regio aktyf binne útnoege. Ek is der op dizze jûn in ûnôfhinklike deskundige op it mêd fan gaswinning oanwêzich.

De diskussie oer de gefolgen fan gaswinning is op dit stuit, sjoen de ûnrêst yn Noard East Grins, wêr’t fannacht ek wer in beving wie, aktueel. “Foar ús in reden om ek de ynwenners fan ús gemeenten te ynformearjen oer de eventuele gefolgen fan gaswinning yn de direkte omjouwing”, seit Ultsje Hosper foarsitter fan de provinsjale FNP mar ek fan de ôfdieling Opsterlân. Der is neffens Ate Eijer, fraksjefoarsitter fan de FNP yn Hearrenfean ek behoefte oan mear ynformaasje oer eventuele gefolgen fan de gaswinning. “Der wurde no bygelyks yn De Knipe allegearre ferhalen fertelt oer de gefolgen fan de gaswinning yn Langsweagen. De boartoer stiet dan wol yn Langsweagen mar de gasbel leit ûnder de Knipe. Mar wêr dizze bel no krekt sit is foar in soad minsken net dúdlik. We fine dat minsken hjiroer ynformearre wurde moatten mar ek de kâns krije moatte om har soargen te uterjen.”

undefined

Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)