Logo FNP

FNP Hearrenfean

Frysk

FNP Hearrenfean

Frysk
28-01-2018 - FNP wol yn kolleezje Hearrenfean
Artikel Groot Heerenveen

23-12-2017 - Earste 10 gemeenteriedsferkiezingen 2018
Ate Eijer fan Jobbegea is foar de tredde kear troch de leden fan de ôfdieling Hearrenfean unanym keazen as listlûker fan de FNP Hearrenfean foar de gemeenteriedsferkiezingen fan maart 2018.

07-03-2014 - Gaswinning soarget foar ûnrêst yn Fryslân
De FNP ôfdielings Opsterlân en Hearrenfean organisearren op woansdei 5 maart in ynformaasjejûn oer gaswinning yn de provinsje Fryslân.


Dat dêr ferlet fan wie blykte út de opkomst, sa’n 60 belangstellenden besochten de jûn yn doarpshûs It Paradyske yn Langsweagen. De ynformaasje waard jûn troch meiwurkers fan 2 gaswinningsbedriuwen, it Kanadeeske Vermilion en it Nederlânske bedriuw Tulip Oil, oprjochte troch 3 âld-meiwurkers fan Shell.



Sybren Posthumus, lid fan de FNP fraksje yn provinsjale steaten liet yn in presintaasje sjen wat de gefolgen fan de gaswinning foar de ynwenners betsjut en makke ek ynsichtlik hoe'n lyts persintaazje fan de gasopbringsten ten goede komt oan de wingebieten. In pear sifers út syn betooch: de gasopbringsten út de noardlike fjilden leverje op jierbasis 829 miljoen euro op, it jierbudzjet fan de provinsje is € 397 miljoen.

Vermilion is al lang aktyf yn it súdlik part fan Fryslân, Tulip Oil begjint uterlik 2015 mei it opheljen fan gas út de grûn by Donkerbroek en De Himrik. De NAM (ûnderdiel fan Shell) is aktyf yn it noarden fan de provinsje.

Vermilion ferwachtet yn har wingebiet in maksimale boaiemdelgong fan fan trije oant fjouwer sentimeter, Tulip Oil hat nei mjittingen berekkene dat de delgong yn Donkerbroek en op De Himrik maksimaal ien sentimeter wêze sil.



Lang net alle oanwêzigen yn de seal hiene betrouwen yn dy sifers, neffens de wurdfierders fan de bedriuwen wiene se yngreven ûndersocht mar kinne se net garandearre wurde. Mocht de delgong hurder gean as ferwachte dan wurdt opholden mei boarjen.

19-11-2013 - Tige tank foar jo stim

24-10-2013 - Noarmen dy’t foar de Rânestêd betocht binne passe net ien op ien op Fryslân.

18-10-2013 - De FNP is gjin filiaalpartij fan grutte Nederlânske partijen.

17-10-2013 - Der binne no "ik" stikkers fan alle doarpen fan de nije gemeente Hearrenfean.

16-10-2013 - Trijetalich ûnderwiis op de basisskoallen

15-10-2013 - Boerelân net feroarje yn natuergebiet as de lâneigeners dat net wolle

14-10-2013 - In ferstânnich, sûn en romhertich belied foar minsken dy't net sûnder help kinne

13-10-2013 - Ynsette op ierdwaarmte as alternative enerzjyfoarsjenning

13-10-2013 - Aktivere kansen jaan oan it regionale bedruwslibben by it ynkeap belied

11-10-2013 - Regels binne in middel, net in doel

10-10-2013 - De FNP is gjin filiaal fan Haachske partijen

10-10-2013 - It is fan belang dat basis underwiis foar eltsenien berikber en beskikber is

Argyf

Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)