Logo FNP

FNP Hearrenfean

Frysk

FNP Hearrenfean

Frysk

Kandidatenlist gemeenteriedsferkiezingen 21 maart 2018

 

 

 

  Ate 2018

Ate Eijer, Jobbegea

8-3-1955.

Sûnt 2010 fraksjefoarsitter.

 

 

 

     Ate is troud en hat trije bern dy't elk op him/harsels wenje. 

Hy fielt him gjin politikus mar folle mear in folksferstjintwurdicher.

Yn it deistige libben is hy redakteur/akwisiteur by it wykblêd Sa!

Derneist is hy yn Jobbegea al jierren lang belutsen by allerhande organisaties lyk as de Expansie en De Frije Wiken.

 
   2  alette 2018

Alette de Jong

Nijbrêge 

Hikke en tein yn Aldeboarn, in pear jier yn Akkrum wenne en letter nei Nijbrêge ferhuze, trout en grutske mem fan in dochter en in soan. 

 

 

 

    Sûnt april 2016 selsstannich ûndernimmer yn e soarch. "Myn hert giet út nei it omtinken en de beskerming foar minsken dy't om ferskate redenen net goed foar harren sels opkomme kinne. Elkenien moat diel útmeitsje kinne fan de mienskip, want mei inoar binne wy de mienskip."    
   3 Erik 2018

Erik de Swart

De Knipe 

Erik is 44 jier lyn berne yn Venlo, Nei dat hy in oantal jierren yn Ûtert wenne hat is hy rom  7 jier ferlyn ferhuze nei De Knipe wêr hy tegearre mei  syn frou en bern no wennet.   

 

 

   

 

Nei syn stúdzje en promoasje binnen de biology hat Erik ferskate banen binne dit belied hân. Fierder hat hy inkelde jierren by "planning en control" by de gemeente Lelystêd wurke. Op dit stuit wurket hy as ûndersiker by de gemeente Lelystêd. Troch syn wurk hat hy mei in soad aspekten fan it wurk by de gemeente te krijen.

 

Yn Utert is hy jierren lang aktyf west as fraksjemeiwurker. Yn syn rol as foarsitter fan Pleatslik Belang De Knipe hie hy ek  yn Hearrenfean  wer te krijen mei de polityk. In âlde leafde bloeide wer op. De kar foar de FNP wie doe foar Erik in logyse.   ‘De FNP is een zeer sociale en duurzame partij met veel oog voor milieu en de directie leefomgeving. Dit spreekt me sterk aan".  De ynset foar it behâld fan de Fryske taal en kultuer  binne him út it hert grypt.  ‘De taal- en cultuurdiscussies speelde ook in Limburg toen ik er nog woonde. Als Limburger weet ik hoe belangrijk deze zaken zijn'.

 
   4 gosse 2018

Gosse F. Spiekhout

It Hearrenfean.

 

 Gosse is 50 jier ferlyn berne yn Aldehaske en wennet sûnt 2004 wer op It Hearrenfean.  Gosse fielt him bot belutsen by syn neiste leefomjouwing en yn it bysûnder de minsken yn syn leefomjouwing. 

 

 

     Hy wol him der foar ynsette dat elkenien hjiryn in plak kriget en fertjinnet útgeande fan de krêft fan de minsken sels. Dit mei it each op  harren dy't itminder troffen ha yn it libben. "Mienskipssin en ienigens binne wichtige pielers yn de maatskippij, saken dy't de FNP heech yn it feandel stean hat. Lyk as it fan ûnderop wurkjen yn stee fan it fan boppe ôf oplizzen. Fertrouwe op de krêft fan de minsken mar boppe al: Net sizze mar dwaan".

 

Gosse is binnen de tsjerke aktyf op ferskate fronten,  hat politike ynteresse en is sekretaris en oprjochter fan de stichting "In Moaie Dei" en de "Foar Elkoar Sjop. Hy set him hjirmei yn foar harren dy't it nedich hawwe. Op dit stuit is Gosse ek lid fan de partisipaasje ried fan Hearrenfean .

 

Derneist hat hy ferskate hobby's lyk as. Genealogy, lokale skiednis, lêze en hy sjongt yn in koar.  

 
   5 Ria 2018

Ria Buikhuizen

It Hearrenfean 

 

 Ria is hikke en tein yn Harns. Ophar 17e is se op It Hearrenfean bedarre nei in sollisitaasje telefoniste/resepsjoniste yn wat doe noch bekend stie as Ferpleechtehûs Anna Schotanus en Blau Hûs.

 

      Dernei hat se jierren by Oenema wurke as begeliedster op it bernedeisintrum ferfier. Wurk dat se in oantal jierren miste en no wurket se by deselde ôfdieling by Taxi Waaksma. Ria is troud, mem en ek in grutske beppe. As frijwillichster is se aktyf yn de soarch en wit wat der op de wurkflier nedich is."Ik fyn dat  der foar elkenien goeie wenromte wêze moat. Jong en âld ha ferskillende winsken en fariaasje yn it oanbod fan wenningen is in "pré". Mar  ek wol ik my ynsette foar de faaks net sichtbere lytsere aktiviteiten om fan de gemeente Hearrenfean foar elk in thús te meitsjen".   
   6  Poppe 2018

Poppe Hooijsma

Mildaam 

 Berne yn Aldskoat. Wenne yn Ketlik, wer yn Aldskoat en doe, en noch altyd, yn Mildaam.

 

     6 jier foarsitter west fan Pl.Belang Mildaam. Hjirtroch hat hy in protte kontakten krige mei de gemeentlike organisaasje. Nei earst kommisjelid, no al 20 jier riedslid. "Sûnder humor wie dit nea slagge, want gearkomsten wiene somtiden dreech!"

 

Frijwilligerswurk bestiet út: Bestjoerslid fan "st.It Alde Tsjerkje Mildaem", Kliëntenried "Aardema Thuiszorg" en buert oansprekpunt yn Mildaam.

 

De lêste 35 jier wurke as consultant/bûtentsjinst yn de Noardlike provinsjes. Besite oan organisaasjes en (produksje)bedriuwen foar jiersifers en/of oare gegevens.

 

Sporten wiene fuotbal en kuorbal. No bestiet de beweging út (race)fytsen en kuiertochten. Fierders hat hy syn tún en kontakt mei alle soarten minsken, bedriuwen en organisaasjes.  

 
   7  Johan 2018

Johan Lukkes

It Hearrenfean 

Johan is 53 jier en hikke en tein op It Hearrenfean.  Yn it deistige libben wurket hy by Kijlstra Ambulancesoarg op de stânplakken it Hearrenfean en Nijhoarne.  

           

 

      "Yn dit wurk kom ik in oanrekking mei alle soarten fan soarchferliening yn de gemeente  Hearrenfean en omkriten.  Sa meitsje ik ek in soad gebrûk fan it gemeentlike wegenet wêrtroch ik goed op de hichte fan de ynfrastructuer, tagonklikens en de kwaliteit fan de diken in de gemeente bin.  En dêr kin noch in hiel soad oan ferbettere wurde". Johan  mei graach lêze oer mei namme skiednis en hat sels in stikje skiednis stean yn de foarm fan in klassike auto,. Hy is aktyf by de Odd Fellows en al sûnt in pear jier  foarsitter fan de FNP  ôfdieling Hearrenfean.  "As bestjoer en fraksje wolle wy besykje yn in plak wêr t de mearderheid gjin Frysk ferstiet en prate kin dochs in sa breed mooglike partij te wêzen. De Fryske taal en ús Fryske kultuer binne  tige wichtich, mar wy binne in party foar alle Friezen en elkenien dy't him hjir thûsfielt, úteinlik bestiet taal om de mienskip te ferbinen en net om guon bûten te sluten".  
   8  Wieger 2018

Wieger de Roo

It Hearrenfean 

   9  maaike 2018

Maaike Terpstra

Jobbegea 

 Mei myn partner en ús trije bern wenje ik al hast 14 jier yn Jobbegea.

     

Trije dagen yn de wike wurkje ik as kernfunctionaris by de Raad voor de Kinderbescherming. Yn dizze funksje wurkje ik mei de bern en harren âlden, mar gearwurkje ik ek in protte mei û.o. de gemeente, jeugdsoarch, helpferlieners, plysje en OM.

De ûntwikkeling fan de bern, jeugdsoarch en sosjaal domein binne ûnderwerpen dy my oansprekke yn de polityk.

Ofrûne jierren ha ik my ynset as riedslid foar dizze ûnderwerpen yn de kommisje sosjale saken. De praktyk en it belied by inoar bringe sjoch ik as in útdaging. Mar ek útlizze kinne oan de boargers wat de gemeente mei belied berikke wol.

Ik ha ûnderfûn dat it wurk as riedslid in protte tiid kostet as hja it goed dwaan wolle en de tiden net altyd goed passe by dat wat de húshâlding en it wurk fan my freget. Dat makket ek dat ik besletten ha, dat ik op dit stuit net troch gean as riedslid  en my de kommende jierren mear rjochtsje wol op de húshâlding mei opgroeiende bern en de útdaging sykje yn myn wurk.

Mar lykas de FNP, bliuw ik tichteby!

 
   10  Gerrit 2018

Gerrit Jansen 

It Hearrenfean   

 

Gerrit Jansen (52) wennet en wurket op It Hearrenfean. As dokumintalist en auteur is ferantwurdlik foar it skriuwen fan wurkpleatsboeken by in busbouwer.  

 

 

     Ek is hy de spil tusken de lym leveransier(s) en produksje en engineering as lym spesjalist  Gerrit is ek foarsitter fan de Vogelwacht Heerenveen/Oranjewoud  en hat derneist folop muzikale bezichheden -  bandlid fan Lady and Gentlemen en trûbadoer Gerrett -  Yn syn frije tiid stiet hy altiten tusken de minsken. Hy tinkt, skriuwt, sjongt  en sprekt (graach) yn de Fryske taal mar ferstiet elke taal. Dêrom fielt hy him thús by de FNP. De partij dy't b by him past. "Elk ferhaal yn de goeie taal".    
undefined

 

 

        



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)